XRCO Award

From Wikipedia, the free encyclopedia

XRCO Award
Remove ads

De XRCO Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier takend wurde foar de bêste pornografyske films.

Fluch de feiten
Thumb
Pornoaktrise Hillary Scott mei twa XRCO Awards, yn 2007.

Dizze prizen wurde útrikt troch de X-Rated Critics Organization ("Organisaasje fan Pornografyresinsinten"). De earste útrikking fûn plak yn Hollywood, op 14 febrewaris 1985. Oant 1991 fûn de útrikkingsseremoanje elts jier plak op Falentynsdei. De trofee bestiet út in houten hert mei dêrop in gouden plaatsje dêr't de namme "XRCO Award", de kategory en de namme fan 'e winner yn gravearre binne.

Under de pornoaktrises dy't alris in XRCO Award wûn hawwe, binne Lisa Ann, Angelina Valentine, Asa Akira, Belladonna, Jewel De'Nyle, Tiffany Mynx, Stephanie Swift en Sasha Grey. Der bestiet ek in XRCO Hall of Fame foar legindaryske nammen út 'e pornoyndustry.

Remove ads

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads