Flyers It Hearrenfean

From Wikipedia, the free encyclopedia

Flyers It Hearrenfean
Remove ads

Unis Flyers is in Nederlânske Iishockeyklub fan It Hearrenfean. De ploech spilet yn de Nederlânske earedifyzje, de heechste kompetysje yn Nederlân. De thúswedstriden spylje de Flyers yn de iishockeyhal fan Thialf. De iishockeyhal hat in kapasiteit fan 3.500 sitplakken.

Fluch de feiten
Remove ads

Skiednis

It Hearrenfean spile syn earste kompetysjewedstryd yn 1967 en fjouwer jier dêrnei kamen se op it heechste nivo yn Nederlân. Fan 1977 oant en mei 1983 binne de Flyers sân kear kampioen wurden yn de heechste Nederlânske kompetysje en fan 1977 oant en mei 1984 wiene se sân kear (1980 net) bekerwinner. De súksestiid, dy't yn '77 begûn wie, einige yn 1984 en sûnt binne se gjin lânskampioen mear west. De beker waard noch wol in oantal kearen wûn (1988, 1998, 2002, 2016).

Prestaasjes

Yn totaal hawwe de Flyers 7 kear lânskampioen en 11 kear bekerwinner west.

Lânskampioen:
1976-1977
1977-1978
1978-1979
1979-1980
1980-1981
1981-1982
1982-1983
Bekerwinner
1976-1977
1977-1978
1978-1979
1980-1981
1981-1982
1982-1983
1983-1984
1987-1988
1997-1998
2001-2002
2015-2016
Remove ads

Namme

Thumb
Logo út de tiid fan de Vadeko Flyers.

De namme fan de klup is yn it ferline ferskate kearen feroare. Sûnt it seizoen 1978/79 is Flyers in fêst ûnderdiel fan de namme dy't hieltyd in kombinaasje foarmet mei de namme fan de haadsponsor.

Nammen mei * derfoar binne de sponsornammen.
Mear ynformaasje Competitienamme, Seizoen(en) ...
Remove ads

Seleksje 2012/13

Mear ynformaasje #, Lân ...

Keppeling om utens

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads