Jynx Maze

From Wikipedia, the free encyclopedia

Jynx Maze
Remove ads

Jynx Maze, echte namme: Victoria Elson (Long Beach (Kalifornje), 6 oktober 1990), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Iersk-Skotsk-Perûviaansk etnysk komôf, dy't harsels yn it begjin fan har karriêre ek wol koartwei Jynx neamde. Neffens har offisjele opjefte is se 1.55 m, mei in gewicht fan 53 kg.

Fluch de feiten
Remove ads

Libben en karriêre

Jynx Maze is hikke en tein yn Long Beach, yn 'e steat Kalifornje, ien fan 'e gruttere foarstêden fan Los Angeles. Fan har heitekant hat se Iersk en Skotsk bloed, wylst har mem oarspronklik út Perû kaam. Koart nei't se ein 2008 mearderjierrich wurden wie, sette Maze útein mei wurk as stripper yn in stripklub yn Chico, yn noardlik Kalifornje.

Yn febrewaris 2010, doe't se 19 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Har earste pornografyske optreden wie yn in diel fan 'e Public Disgrace-rige fan pornowebside Kink.com. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn mear as 165 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Pure Play Media, Elegant Angel, Jules Jordan Video, Digital Playground, Hustler Video, Devil's Film en Zero Tolerance. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as Brazzers en Kink.com. Dêrby spesjalisearret se har yn anale seks. Se hat ûnderwilens sân nominaasjes yn 'e wacht sleept foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld). Yn 2012 waard derfan grute dat Maze in relaasje hawwe soe mei kollega-pornoakteur Jordan Ash.

Remove ads

Prizen en nominaasjes

Mear ynformaasje Jier, Priis ...
Remove ads

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads