Lisse

From Wikipedia, the free encyclopedia

Lisse
Remove ads

Lisse is in plak en in gemeente yn 'e Nederlânske provinsje Súd-Hollân, dy't bestiet sûnt 1811. Lisse leit yn 'e Dún- en Bollekrite, en yn it plak leit de Keukenhof dy't dêr op rjochte is. Yn Lisse stiet ek it Fiorettikolleezje.

Fluch de feiten

Lisse is de iennige offisjele kearn yn 'e gemeente. De buorskippen Halfweg en De Engel falle ûnder it plak.

Lisse hat 23.437 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS), wêrfan 16,05 km², wêrfan 0,36 km² wetter.

Remove ads

Geografy

Lisse leit yn 'e Dún- en Bollekrite. De gemeente Lisse wurdt begrinzge troch de gemeenten Hillegom yn it noarden, Haarlimmermar yn it easten, de gemeente Teylingen (earder Sassenheim en Voorhout) yn it suden en de gemeente Noardwyk (earder Noardwikerhout) yn it westen.

Buerten

  • Berkhout
  • De Blinkerd
  • Bloemenwijk
  • Sintrum
  • Componistenwijk
  • De Engel
  • Geestwater
  • Halfweg
  • De Loosters
  • Meerenburgh
  • Oranjewijk
  • Poelpolder
  • Roovers Broek
  • Van Rijckevorsel
  • Schilderswijk
  • Ter Beek
  • Vogelwijk
  • Vrouwenpolder
  • Zeeheldenwijk
Remove ads

Skiednis

Thumb
Lisse yn 1865

Yn in kopij fan 1148 fan it oarspronklike dokumint komt de namme Lux foar, yn 1198 Lis, yn 1259 Lisse. Mooglik geit de namme werom ta it Germaanske lisja- dat sokssawat as spoar, fuorge betsjut, besibbe oan it Latynske lîra (ikkerfuorge).[2]

In oare ferklearring is dat de namme "palissade" of "ferskânsing" betsjut. De namme fan it doarpsplein 't Vierkant ferwiist nei sa'n palissade. Dat hat moogik te krijen mei in Keltysk oppidum, in fjouwerkante skâns. De Kelten bouden har oppida op heger lizzende plakken of by wetterwegen del. Hja tsjinnen as opslach- en hannelsplakken en it beskermjen fan fee. It Aldierske liss komt yn in soad plaknammen yn Ierlân en Ingelân foar as betsjutting fan "heuvelfort".[3]

Lisse waard boud op in âlde strânwâl. De skiednis fan Lisse is nau besibbe en te ferlykjen mei dy fan de buorgemeenten Hillegom en Sassenheim. Yn 1998 fierde Lisse syn 800-jierrich bestean. Der moast al in delsetting yn de 10e iuw bestean hawwe. Yn 'e midsiuwen wie Lisse noch in lytse delsetting. Yn 1500 stiene der noch mar 50 huzen. Troch lange oarloggen, benammen dy fan Karel de Stoute en de Tachtichjierrige Kriich wie der in soad earmoede. De befolking libbe fan de lânbou, feehâlderij en turfstekken.

Yn 'e 17e en 18e iuw wiene der yn Lisse, lykas yn Hillegom, in soad bûtenpleatsen fan rike keaplju en eallju. De bosk en tunen fan Keukenhof, Meerenburg, Wildlust, Zandvliet, Overduin, Akervoorde, Wassergeest, Grotenhof, Ter Specke, Dubbelhoven, Rosendaal, Veenenburg en Berkhout, Middelburg, Ter Beek en Uytermeer droegen allegearre by oan de skientme en gloarje fan it plak.

Yn 'e iuwen dêrneiwaarden dy bûtenpleatsen, mei útsûndering fan Keukenhof sloopt en meitsje plak foar de blombolletylt. De sângrûn yn 'e omkriten fan Lisse wie tige gaadlik foar it ferbouwen fan blombollen as de grûn goed bedonge waard. De tichteby lizzende dunen waarden ôfgroeven en bosk waard njonkelytsen kappe foar mear ikkers foar de blommetylt. Dat brocht in soad wurkgelegenheid yn 'e omkriten.

Thumb
Panorama fan it sintrum fan Lisse
Remove ads

Blombollesintrum

Yn 'e 20e iuw bleau de blombollehannel waaksen, dat late ta it oprjochtsjen fan feiling- en hannelshuzen, grutskalige kwekers en koöperaasjes. Hjoed-de-dei eksportearret Lisse bombollen yn grutte hoemannichten nei mear as hûndert lannen wrâldwiid.

Lisse leit yn it sintrum fan 'e Dún- en Bollekrite, de blommekrite fan Nederlân, en is ek in wichtich publykslûker. Maitiids, wannear't de fjilden om Lisse hinne yn in kleurrike bleoi steane, besykje hûnderttûzenen pleatslike en bûtenlânske toeristen it gebiet. It iennich oerbleaune lângoed dat net ferwidere waard foar de blommetylt is it Keukenhof, dat wrâldferneamd om syn blommeprestaasjes waard.

It besjen wurdich

Thumb
Heereweg
Thumb
It sintrum fan Lisse; de Heereweg

De meast populêre attraksje yn Lisse is it Keukenhof, dy't allinnich yn 'e maitiid iepen is wannear't de tulpen yn 'e bloei steane. Ek wurdt dêr alle jierren yn april de Blommokorso holden troch de haadstrjitten fan Lisse. Yn augustus wurdt fantasijfestivval Castlefest holden yn 'e tunen fan kastiel Keukenhof

Oare nijsgjirrichheden binne de museums:

  • Huys Dever, in restaurearre kastieltoer út 'e 14e iuw
  • Kastiel Keukenhof, part fan lângoed Keukenhof mar dy is it gânse jier iepen
  • Museum De Zwarte Tulp, lit de skiednis fan 'e Nederlânske bollekrite sjen

Tsjerken

  • H.H. Ingelbewarderstsjerke
  • Sint-Agatatsjerke

Mûnen

  • Lisserpoelmolen
  • Keukenhofmolen
  • Lageveensemolen
  • Zemelmolen
Remove ads

Galery

Ferkear en ferfier

Lisse is te berikken oer de A4, A44, N207 en N208.

Berne yn Lisse

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads