Louis de Funès

From Wikipedia, the free encyclopedia

Louis de Funès
Remove ads

Louis Germain David de Funès de Galarza (Courbevoie, 31 july 1914 - Nantes, 27 jannewaris 1983), wie in Frânsk akteur, komyk regisseur en tekstskriuwer fan Spaansk komôf.

Fluch de feiten

Yn 'e Twadde Wrâldkriich wurke er as barpianist yn in nachtklup, wylst er oerdeis lessen oan in toanielskoalle folge. Dêr learde hy de akteur Daniel Gélin kennen, dy't der yn 1945 foar soarge dat Funès foar it earst in roltsje yn in film krige. De jierren dêrnei spile De Funès yn tsientallen films lytse, meastal ûnopfallende roltsjes. Tagelyk wurke er op it toaniel. Hy naam in bysûnder soad aktearwurk oan. Neffens syn soan trede er op ien dei soms yn trije ferskate toanielstikken op. Yn 1954 allinnich al spile er yn 18 films.

Syn earste haadrollen hie De Funès yn 1957 mei Comme un cheveu sur la soupe fan Maurice Régamey (de iennichste film wêryn't er sels pianospilet) en it jier dêrnei mei Ni vu, ni connu fan Yves Robert, mar it wie pas yn 1963 dat de earste echte De Funès-film der kaam: Pouic-Pouic fan [[[Jean Giult]].

De swiere ynspanningen dy't er derby levere, easken harren tol. Op 21 maaie 1975 krige De Funès in hertoanfal. In wike letter folge in twadde ynfarkt, wêrtroch 't er it aktearjen foarearst stopsette moast.

In lange perioade fan werstel folge. It toaniel waard him hielendal ferbean en filmopnamen moasten ûnderbrutsen wurde troch genôch rêstpauzes. Fersekerders wifelen om filmproduksjes mei De Funès te fersekerjen fanwege it risiko foar syn sûnens.

Begjin 1983 ferstoar Louis de Funès yn'e âldens fan 68 jier, oan in hertoanfal.

Remove ads

Filmografy

Mear ynformaasje jier, titel ...
Remove ads

Keppelings om utens

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads