Manon Scheepstra

From Wikipedia, the free encyclopedia

Remove ads

Manon Scheepstra (Harns, 2 maart 1993) is in keatster fan Frjentsjer dy't selektearre haadklasser is en meardere Frouljus-PC's wûn hat. Tsjinwurdig wennet se yn Ljouwert.

Fluch de feiten
Remove ads

Famylje

Scheepstra stammet fan memmekant ôf fan'e familje Seerden. Har broer Patrick Scheepstra keatst ek yn'e haadklasse. Se hat in relaasje mei âld haadklassekeatser Daniël Iseger.

Prizen

Scheepstra wûn oant en mei 2024 acht keer de Frouljus-PC. Fjouwer wûn se mei Ilse Tuinenga, de lêste trije wûn se mei Nynke Sijbrandij en Marrit Zeinstra. Yn 2013, 2015 en 2021 waard se Keninginne. De Ald-Meiers Partij wûn se yn 2008 mei Frjentsjer, yn 2014 pakte se (foar it earst) de Jong Famme Partij. Mei it winnen fan it NK Dames mei Goutum yn 2021, pakte Scheepstra ek de fjouwerde Wimpel.[1][2]

Remove ads

Beskermfrou

Sûnt 2016 is Scheepstra beskermfrou fan'e Jong Famme Partij.[3]

Op de dei fan de lotting foar de 49ste Frouljus-PC yn 2025 liet Scheepstra witte dat sy ophâlde sil mei keatsen op heech nivo.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads