Mia Lelani

From Wikipedia, the free encyclopedia

Remove ads

Mia Lelani, echte namme: Danielle Uiloni Fernandez (14 oktober 1982), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Filipynsk-Iersk-Libaneesk etnysk komôf, wa har artystenamme oft ek wol stavere wurdt as Mia Leilani. Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m, mei in gewicht fan 57 kg en kupmaat 38D, dêr't se oan kommen is troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.

Fluch de feiten
Remove ads

Libben en karriêre

Mia Lelani waard yn 1982 berne yn 'e steat Kalifornje. Nei de middelbere skoalle wurke se seis jier lang yn in grientesaak foar't se yn 2005 mei 22 jier har debút makke yn in pornografyske film.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Lelani sûnt yn mear as 190 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, New Sensations, Zero Tolerance, Digital Playground, Elegant Angel, Jules Jordan Video, Hustler Video, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Pure Play Media, Devil's Film, Digital Sin, Third Degree Films, Adam & Eve, Diabolic Video, Red Light District en Sin City.

Ek hat se in protte wurke foar pornosites as Brazzers, Reality Kings en Muffia. Yn 2014 waard se nominearre foar in Xbiz Award yn 'e kategory bêste byrol fan in aktrise. Los fan har aktearwurk hat Lelani ek as neakenmodel posearre foar ferskate neakenblêden. Neffens eigen sizzen hâldt se fan Meksikaansk iten en fan snowboardzjen. Hja is fan doel om yn 'e neie takomst fierder te learen yn skiekunde.

Remove ads

Prizen en nominaasjes

Mear ynformaasje Jier, Priis ...

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads