Nancy Travis

From Wikipedia, the free encyclopedia

Nancy Travis
Remove ads

Nancy Travis (folút: Nancy Ann Travis; New York, 21 septimber 1961) is in Amerikaansk aktrise dy't op it wite doek benammen bekend wurden is mei har rollen yn 'e film Three Men and a Baby, yn it ferfolch dêrop, Three Men and a Little Lady. Op 'e tillefyzje is se bekend fan 'e komeedzjesearjes Becker en Last Man Standing.

Fluch de feiten
Remove ads

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Travis waard yn 1961 berne yn New York, as de dochter fan Gordon Travis, in ferkeapmeiwurker, en dy syn frou Theresa, in maatskiplik wurkster. Hja groeide lykwols op yn Boston, yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts, en letter yn Baltimore, yn Marylân. Se waard roomsk grutbrocht.

Karriêre

Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie, sette Travis útein mei aktearjen. Har earste rol hie se yn it toanielstik It's Hard to Be a Jew, yn it American Jewish Theatre yn New York. Letter rjochte se mei oaren it toanielselskip Naked Angels op. Yn 1984 makke hja har debút op Broadway yn it stik I'm Not Rappaport. Fan 1985 ôf spile Travis ek yn in grut tal films, wêrûnder de komeedzje Three Men and a Baby (1987), mei Tom Selleck, Ted Danson en Steve Guttenberg, en it ferfolch dêrop, Three Men and a Little Lady (1990). Op it wite doek wie Travis fierders te sjen yn fillms as Air America (1990), Internal Affairs (1990), Greedy (1994), Fluke (1995) en it komeedzjedrama The Sisterhood of the Traveling Pants (2005).

Dêrnjonken wie Travis ek op 'e tillefyzje te sjen, mei gastrollen yn û.m. de dramasearje Desperate Housewives, de sikehûssearje Grey's Anatomy en de komeedzjesearje How I Met Your Mother. Yn 1986 spile se mei Omar Sharif yn 'e minysearje Harem. Yn 1999 hie se in haadrol yn 'e komeedzjesearje Work with Me, wêrfoar't se ek produsinte wie, mar fanwegen minne sjochsifers waard dy rige al nei fjouwer ôfleverings stopset. Yn 2002 fertolke Travis de haadrol fan perfester Joyce Reardon yn 'e minysearje Rose Red, nei in ferhaal fan horrorskriuwer Stephen King. Datselde jiers bemachtige hja in fêste rol yn 'e lêste beide seizoenen fan 'e komeedzjesearje Becker, as de tsjinspylster fan Ted Danson, wêrby't hja de oarspronklike froulike haadpersoan, spile troch Terry Farrell, ferfong. Fan 2007 oant 2009 hie Travis in fêste rol yn The Bill Engvall Show. Fierders hat se ek geregeldwei wurke as stimaktrise, bygelyks fan 1994 oant 1997 foar de Disney-tekenfilmsearje Duckman.

Yn 2011 krige se ien fan 'e haadrollen yn 'e komeedzjesearje Last Man Standing. Dêryn spile se Vanessa Baxter, de wynsûpende, sosjaal knoffelige mem fan trije dochters, en de frou fan it personaazje fan Tim Allen. Travis waard ek cast as Emmeline Hattenbarger yn 'e sikehûssearje Heart of Dixie, mar doe't de opnamen dêrfoar net te kombinearjen blieken mei har ferplichtings oangeande Last Man Standing, ferliet se dy searje al nei twa ôfleverings. Nei seis seizoenen sette tillefyzjenetwurk ABC Last Man Standing yn 2017 stop, mar de rige waard yn it neijier fan 2018 troch Fox nij libben ynblaasd. Travis behold har haadrol oant de searje úteinlik yn 2021 foargoed ophold.

Yn 2017 en 2018 spile Travis in weromkearende rol yn 'e searje Mr. Mercedes. Yn 2018 en 2019 hie se in fêste rol yn 'e komeedzjesearje The Kominsky Method, fan tillefyzjeprodusint Chuck Lorre. Dêryn hie se Michael Douglas en Alan Arkin as tsjinspilers.

Priveelibben

Travis troude yn 1994 mei Robert N. Fried, de eardere algemien direkteur fan filmstudio Savoy Pictures en oprjochter fan SpiritClips.com. Mei him hat hja twa soannen: Benjamin (1998) en Jeremy (2001). Yn 2007 spile Travis mei har soan Benjamin yn 'e koarte film Sally, dy't skreaun wie troch har man.

Remove ads

Filmografy

Mear ynformaasje jier, titel ...
Remove ads

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads