Nyck de Vries

From Wikipedia, the free encyclopedia

Nyck de Vries
Remove ads

Nyck de Vries (Twellingea, 6 febrewaris 1995) is in Nederlânsk karter en is sûnt 21 jannewaris 2010 opnaam yn it talinteprogram fan de Formule 1-ploech McLaren.[1]

Fluch de feiten

De Vries hat sûnt 2001 al in grutte rige oan kartprizen by elkoar riden. Sa waard hy yn 2008 en 2009 Dútsk kampioen yn de KF3 klasse en wûn hy yn beide jierren de World Series Karting.

Yn 2021 waard Nyck de Vries wrâldkampioen yn de Formule E, De heechste raceklasse foar elektryske auto's dêr't de Vries sûnt 2019 yn ried. Op 20 maaie 2022 ried de Vries syn earste rûntsjes yn in Formule 1 auto. by de frije training fan de Grutte Priis fan Spanje. Op 10 septimber datselde jier waard bekend dat de Vries op 11 septimber as earste fries ea meidwaan sil oan in wedstriid yn de Formule 1.[2]. De Vries riid de Grutte Priis fan Itaalje foar it team fan Williams. Yn oktober 2022 waard bekend dat de Vries foar it seizoen Formule 1 yn 2023 tekene hie foar it team fan AlphaTauri.[3] Op 11 july 2023, makke AlphaTauri bekend dat Nyck de Vries fanwegen tsjinfallende resultaten ûntslein is, syn plak by it team waard ynnommen troch de Australyske koereur Daniel Ricciardo[4].

Remove ads

ûnderdielen en kampioenskippen

Formule 2

  • jieren aktyf: 2017 - 2019
  • Teams: Rapax, Racing Engineering, Prema, ART
  • Oerwinningen: 8
  • Kampioenskippen: 1 (2019)
  • Poadia: 23
  • tal poles: 7

Formule E

  • jieren aktyf: 2019 - 2022
  • Teams: Mercedes
  • Oerwinningen: 6
  • Kampioenskippen: 1 (2021)
  • Poadia: 8
  • tal poles: 1

Endurance

  • jieren aktyf: 2018 - 2021
  • Teams: Racing Team Nederland, G-Drive Racing
  • Klasse: LMP2
  • Oerwinningen: 0
  • Kampioenskippen: 0
  • Poadia: 3
  • tal poles: 0

Oersjoch Formule 1-karriêre

Mear ynformaasje Totaal ...

* Seizoen noch dwaande.

Remove ads

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads