Olympyske Simmerspullen 1900
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
De Olympyske Simmerspullen 1900, ek wol de IIe Olympiade neamd waarden yn 1900 yn Parys, Frankryk hâlden.
Remove ads
Medaljespegel
Fryske medaljes
Remove ads
Wrâldútstalling

Om finansjele redenen moast Pierre de Coubertin de Spullen keppelje oan de wrâldútstalling hy hie eins rekkene op subsydzje fan de Frânske oerheid en de finansjele wrâld, mar beide ynstânsjes kamen net mei it nedige jild oer de brêge. Dertroch siet der foar De Coubertin neat oars op dan de Spullen te keppeljen oan de organisaasje fan de wrâldútstalling dat jier yn Parys. Dêrtroch wie de organisaasje fan de Spullen yn hannen fan it organisearjend komitee fan de wrâldútstalling. Dat komitee hie neat mei sport, en dêrtroch moasten de sporten yn minne akkommodaasjes beöefene wurde. Der wie gjin olympysk stadion en in soad sportferieningen namen de organisaasje fan de ferskeidene sporten yn hannen. Sa waarden de atletykwedstriden hâlden op de gersbanen fan de Racing Club de France en moasten der sels sporten beöefene wurde op in stik greide. De wedstriden waarden bywenne troch in oantal tafallige foarbygongers. Al mei al waarden de Spullen organisearre mei de Frânske Slach. Dat hie lieden ta in oantal opfallende ynsidinten. It organisaasje komitee fan de wrâldútstalling hie de beslissing naam om alle sporten dy't op 14 july, de Frânske nasjonale feestdei, op te fersetten om't se benaud wiene dat de sporten mear taskôgers lûke soene dan it militêr defilee. Alle sporten fan dy dei waarden dêrom de sneins hâlden, wêrtroch't in protte Amerikaanske sporters wegere ha om mei te dwaan oan de sporten dy dei.
Remove ads
Sporten
Dielnimmende lannen

24 lannen diene mei oan de Olympyske Simmerspullen yn Parys
Omstriden
Yn in oantal boarnen wurdt ek noch fan de folgjende lannen sprutsen as dielnimmers oan de Spullen
Remove ads
Sjoch ek
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads