Piëmont

From Wikipedia, the free encyclopedia

Piëmont
Remove ads

Piëmont (Italjaansk: Piemonte, Piëmonteesk: Piemont) is in regio yn Itaalje, oprjochte yn 1948. De haadstêd is Turyn. De namme Piemonte betsjut yn it Italjaansk letterlik 'oan de foet fan de bergen'. Piëmont grinzget oan Switserlân en Frankryk en oan de Italjaanske regio's Liguerje, Emilia-Romagna en Lombardije.

Fluch de feiten Piëmont Piemonte, Flagge ...

De taal dy't meast praat wurdt is Italjaansk, mar dêrnjonken wurdt der ek Frânsk en wat Oksitaansk sprutsen.

Remove ads

Lânskip

Thumb
Gran Paradiso.

It lânskip is yn trije parten op te dielen:

  • it Alpegebiet mei as heechste berch de Gran Paradiso (4.061 meter),
  • de Po-flakte mei de grutte stêden,
  • it heuveleftige gebiet.

Skiednis yn it koart

Piëmont makke mear as tûzen jier part út fan it Romeinske ryk. Oan 'e ein fan 'e Romeinske tiid, waard it yn 'e tiid fan it Grutte Folkeferfarren ferskate kearen plondere troch rûnswalkjende folken. It kaam yn besit fan 'e Ostrogoaten en letter de Longobarden. Under Karel de Grutte makke it diel út fan it Frankyske ryk.

Yn 'e rin fan 'e midsiuwen sloegen de markizen fan Piëmont foar master op. It Hûs fan Savoye makke Piëmont ûnderhearrich en Frankryk en de Habsburgers hawwe in soad om it gebiet fochten.

Yn 1718 waard Piëmont feriene mei Sardynje en de Habsburchske keizer skonk harren de keningstitel (Keninkryk Sardynje). Nei de besetting troch Napoleon yn 1798 kamen de Eastenrikers oan 'e macht. Sy makken it gebiet ta in marjonettesteat mei Klemens fan Metternich oan it haad. Sûnt 1847 kaam de befolking hieltyd faker yn opstân tsjin de Eastenrikers en yn 1859 waarden sy troch de Piëmontezen en de Frânsken ferneatigjend ferslein yn 'e slach by Solferino.

Yn 1861 waard Victor Emanuel II ta kening fan it feriene Itaalje kroand. Sûnt dy tiid is Piëmont Italjaansk gebiet

Remove ads

Provinsjes

De regio bestiet njonken de metropolitane stêd Turyn út sân provinsjes:

Mear ynformaasje Kaart, Wapen ...

Gemeenten

Understeand de 10 grutste Piëmonteeske gemeenten neffens ynwennertal op 28 febrewaris 2024 (provinsjale haadstêden en de grutstedske stêd Turyn mei fette letters wjerjûn.

Mear ynformaasje Posysje, Wapen ...

Gemeenten yn Piëmont mei in heger ynwennertal fan mear as 20.000 ynwenners (sifers 28 febrewaris 2024):

Mear ynformaasje Posysje, Wapen ...
Remove ads

Ofbylden

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Piedmont fan Wikimedia Commons.
Remove ads
Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads