Rispinge

From Wikipedia, the free encyclopedia

Rispinge
Remove ads

De rispinge is it proses fan it binnenheljen fan lân- en túnbougewaaksen fan 'e ikkers of út 'e kassen. Ek it binnenhelle produkt sels wurd de 'rispinge' neamd. As de rispinge mislearret, sprekt men wol fan in misgewaaks en in jier wêryn't dat bart is in misjier of in tsjinjier.[1] Soks kin feroarsake wurde troch te wiet of te drûch waar, mar ek troch skea oan 'e lân- en túnbougewaaksen troch bygelyks stoarm of hagel, troch plantesykten of troch fraat troch ynsekten of fûgels.

Thumb
Weetrispinge yn 'e Russyske provinsje Volgograd.

Tsjintwurdich wurdt de rispinge yn 'e bou yn 'e Westerske wrâld ferrjochte mei grutte motorisearre of meganisearre lanbouwurktugen, lykas kombines en trekkers. Foarhinne waard it allegearre mei de hân dien, mei ark lykas de sichte. Yn ûntwikkelingslannen is de rispinge faak noch like arbeidsyntinsyf as it foarhinne yn it Westen wie. Yn 'e túnbou wurdt ek tsjintwurdich yn it Westen noch in protte gebrûk makke fan hânarbeid, bygelyks om tomaten of apels fan 'e beammen te plôkjen.

De foltôging fan 'e rispinge markearret de ein fan it lânbouseizoen. Wrâldwiid wurde yn in protte kultueren rispingsfeesten holden om in goede rispinge te fieren en God of de goaden dêrfoar te tankjen. Yn Nederlân, dêr't sokke tradysjes ek iuwenlang bestien hawwe, is dêr frijwol neat mear fan oer.

Remove ads

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads