Rookflagge
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
In rookflagge is in markearring dy't rûkt wurde kin, wêrmei't beskate soarten bisten harren territoarium ôfsette. Dat wurdt dien troch sterk rûkende (stjonkende) substânsjes efter te litten, lykas urine, dong of muskus. By sûchdieren befetsje rookflaggen yn 'e peartiid ek faak ynformaasje oer de tyldriftigens fan it yndividu dat se efterlit.

By de measte rookflaggen wurdt der mei urine sproeid op foarwerpen yn of oan 'e râne fan it territoarium, lykas beammen, strûken, rotsen of troch de minske makke dingen, lykas lantearnepeallen, blompotten of de bannen fan in auto. Bygelyks wolven, hûnen, liuwen en tigers dogge dat.
In oare manear om itselde doel te berikken is troch dong efter te litten. By kateftigen is dat hiel dúdlik, mei't dy ornaris de oanstriid hawwe om harren dong te bedobjen. As se der har territoarium mei ôfsette wolle, litte se it lykwols ûnbedobbe efter. Kateftigen lykas liuwen, loaihoarsen, jagûars en gewoane hûskatten wriuwe ek mei de kop by foarwerpen (of persoanen) lâns om har rook deroan ôf te jaan by wize fan it claimen fan har territoarium. Wer in oare wize om in rookflagge efter te litten is troch yn it hout fan in beam om te klauwen.
It binne net inkeld rôfdieren dy't rookflaggen efterlitte, mar ek omnivoaren lykas beskate apen en herbivoaren lykas evenhoevigen en wombats.
Remove ads
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads
