Rotterdam (gemeente)
gemeente From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
Rotterdam is in stêd en gemeente oan de mûning fan de Ryn yn de provinsje Súd-Hollân. De stêd hat pas yn 1340 stedsrjochten krigen.
Dizze side giet oer de gemeente Rotterdam. Foar de stêd Rotterdam, sjoch: Rotterdam.
Rotterdam is ien fan de stêden fan de Rânestêd. Mei in ynwennertal fan 671.341 (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) is it, nei Amsterdam, de twadde stêd fan Nederlân.
Rotterdam leit dêr't de Lek en de Noard tegearre de Nije Maas foarmje, dy’t streamôf nei Rotterdam oer de Nije Wetterwei yn de Noardsee útkomt.
Remove ads
Skiednis

Yn de twadde helte fan de 13e iuw ûntstie der in delsetting. It stee krige yn 1340 stedsrjochten fan greve Willem VI en tastimming fan him om in kanaal te graven fan de Skie ôf nei de kuststripe. De bewenners libbe fan de fiskfangst en de oerslach fan guod, ek kaam de skipsbou opsetten. Nei de ynfal fan Boussu (1572) ûnder de wettergeuzenopstân, wêrnei Rotterdam de kant fan de prins keas, bloeide benammen de oerseeske frachtfeart.
Fan de 16e iuw oant de 18e iuw wie der ierdewurkyndustry, dêrnei kamen oare yndustryen opsetten. Fral troch de komst fan stoomfeart (Nederlandsche Stoombootmaatschappij) om 1925 hinne gie it hurd mei de ekonomyske groei fan Rotterdam, al libbe in grut part fan de befolking yn tige minne omstandigens (golera-epidemyen)
Op 14 maaie 1940 waard de binnenstêd ferwoaste troch in Dútsk bombardemint. Nei de oarloch ûntwikkele de Nije Wetterwei him ta it grutste havensintrum fan de wrâld.
Remove ads
Boargemasters
Remove ads
Yndieling
De gemeente Rotterdam bestiet út fjirtjin stedskertieren dy't elts in eigen gebietskommisje hawwe. De havengebieten falle streekrjocht ûnder de gemeente. De stedskertieren binne:
- Rotterdam-Sintrum
- Charlois
- Delfshaven
- Feijenoord
- Hillegersberg-Schiebroek
- Hoek fan Hollân
- Hoogvliet
- IJsselmonde
- Kralingen-Crooswijk
- Noard
- Overschie
- Pernis
- Prins Aleksander
- Rozenburg
Wenplakken

Gemeenterie
Remove ads
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads