Roxy Gordon

From Wikipedia, the free encyclopedia

Remove ads

Roxy Gordon (7 maart 19457 febrewaris 2000) wie in Amerikaansk dichter, romanskriuwer, muzikant, útjouwer en aktivist fan Yndiaansk komôf. Hy wie foar in diel Tsjoktau (Choctaw) en foar in diel Assiniboin (Assiniboine), en wenne yn it Teksaanske Talpa. Yn 'e 1970-er jierren joech er yn Albuquerque, yn Nij-Meksiko, in tydskrift oer countrymuzyk út, mei as titel Picking up the Tempo. Syn earste cd neamde er Smaller Circles. Tegearre mei syn frou Judy Gordon runde er in lytse útjouwerij, dy't fan Wowapi hiet.

Fluch de feiten
Remove ads

Wurk (in kar)

  • 19?? – Crazy Horse Is Alive (gedicht)
  • 1984 – Breeds (roman)
  • 1993 – Tales of the Troubadours (artikel oer countrysjonger Townes Van Zandt, yn de Coleman Chronicle & Democratic Voice)

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads