Steatkundich Grifformearde Partij
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
De Steatkundich Grifformearde Partij (Nederlânsk: Staatkundig Gereformeerde Partij) is in politike partij dy't oprjochte is op 24 april 1918. De SGP is yn Nederlân de iennige kristlike partij dy't nei in teokrasy stribbet.

Remove ads
Skiednis
De SGP hat fan 1922 ôf altiten yn de Twadde Keamer fertsjintwurdige west. Hy is dêrmei de iennichste Nederlânske partij fan foar de Twadde Wrâldkriich; alle oare âldere partijen binne sûnt dy tiid opheft of fusearre of ûnder in oare namme fierder gien. De partij waard oprjochte fanwege ûnfrede oer de doe besteande protestantsk-kristlike partijen, nammentlik de ARP en CHU. It partijprogram is nei eigen sizzen basearre op Bibelske wearden en noarmen sa as dy yn de reformatoaryske belidenisskriften nei foaren komme. Ds. G.H. Kersten, predikant fan de Grifformearde Gemeenten wie de driuwende krêft by de oprjochting fan 'e partij.
SGP-fraksjelieders yn de Twadde Keamer:
- 1922-1945: Gerrit Hendrik Kersten
- 1945-1961: Pieter Zandt
- 1961-1971: Cor van Dis sr.
- 1971-1981: Hette Abma
- 1981-1986: Henk van Rossum
- 1986-2010: Bas van der Vlies
- 2010-2023: Kees van der Staaij
- 2023- : Chris Stoffer
Remove ads
Fertsjintwurdiging (sûnt 1956)
Remove ads
Keppeling om utens
- (ned) Webstee fan de SGP (net op snein)
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads




