Stasjon Castricum

From Wikipedia, the free encyclopedia

Stasjon Castricum
Remove ads

Stasjon Castricum (Cas) is in spoarweistasjon yn Castricum en waard iepene yn 1867 oan de Steatsline K (De Helder - Amsterdam Sintraal). Yn dit Noard-Hollânske doarp is yn 2021 it tredde stasjonsgebou sûnt 1866 iepene.

Fluch de feiten
Remove ads

Gebou

Thumb
1e stasjonsgebou stasjon Castricum om en de by 1920
Thumb
2e stasjonsgebou stasjon Castricum yn 1969

It earste stasjon waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Louis Abraham Reuvens en iepene op 1 maaie 1867 syn doarren foar treinreizgers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS Fiifde Klasse. Yn 1912 waard der oan de rjochterkant in oanbou pleatst besteand út in heech en in leech part.

Yn 1969 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch nijbou, nei ûntwerp fan arsjitekt Cees Douma. In kantich gebou mei plat dak, en mei in troch de gemeente kado dien karriljon mei oerwurk.

It stasjonsgebou út 1969 waard yn 2020 ôfbrutsen, en ferfongen troch in ûntwerp fan arsjitekte Wienke Scheltens. Om't it stasjon út 1969 net mear foldie, en striemin tagonklik wie foar reizgers mei in rolstoel. Sa kaam der net allinne in nij stasjonsgebou mar ek in nije reizgerstunnel mei treppen en liften. It karriljon út 1969 is hjirby behâlden bleaun. It nije stasjonsgebou waard yn 2021 iepene.




Remove ads

Treinferbinings

Mear ynformaasje Searje, Treintype ...
Remove ads

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads