Stasjon Deurne (Nederlân)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
Stasjon Deurne (Dn) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Deurne yn de provinsje Noard-Brabân. En waard iepene yn 1866 oan de Steatsline E (Breda - Maastricht).
Remove ads
Gebou


It oarspronklike spoarweistasjon fan Deurne wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS fiifde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou wie ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode It stasjon wie sûnt de iepening meardere kearen ferboud. Yn 1892 krige it gebou oan wjerskanten in fleugel, yn 1913 krige it middenpart der in ferdjipping by. Mar yn de 60-er jierren fan de 20e iuw waarden de boppeferdjippingen fan it orzjinele stasjonsgebou fuort helle wertroch it folsleine stasjon omtrint deselde hichte hie as de oanboude fleugels út 1892.
It stasjon waard yn 1976 ferfongen troch in nij gebou bekend as Standerttype Douma fan de hân fan arsjitekt Cees Douma.
Remove ads
Treinferbinings
Remove ads
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads