Stasjon Helmond
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
Stasjon Helmond (Hm) is it wichtichste spoarweistasjon fan Helmond en waard iepene yn 1870 oan de Steatsline E (Breda - Maastricht). Yn dizze Brabânske stêd is yn 2015 it tredde stasjonsgebou sûnt 1864 iepene.
Remove ads
Gebou


It earste stasjon waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Louis Abraham Reuvens en iepene op 1 oktober 1866 syn doarren foar treinreizgers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS Fjirde Klasse. En wie ien fan de fyftjin stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. Al yn 1876 kaam de earste ferbouwing. Oan beide kanten waard in lange fleugel byboud. Yn 1911 waard de linkerfleugel ferlinge, sadat dy 3 kear sa lang waard.
Yn april 1987 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch nijbou, ûntwurpen troch de arsjitekt Paul Corbey. Dit stasjon hie in dragend skelet, dêr't men ynboupakketten yn oanbringe koe. De reiziger kaam út it stasjonsgebou wei as earste terjochte op perron 1. Om nei it eilânperron by spoar 2 te rinnen moast hja gebrûk meitsje fan in oerstek dy 't bedoeld wie foar fuotgongers.
It stasjonsgebou út 1987 waard yn febrewaris 2012 ôfbrutsen om't it al fan it begjin ôf net foldie. De bou fan it nije stasjonsgebou begûn yn 2013, in jier letter yn 2014 waard it nije stasjonsgebou iepene. It earste perron fan it stasjon is justjes mear nei it westen ferpleatst neffens de situaasje út 1987. De beide perrons binne berikber makke troch middel fan twa liften en twa treppen. Dêrmei waard it stasjon ek fuortendaliks tagonklik makke foar reizgers mei in rolstoel.
Remove ads
Treinferbinings
Remove ads
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads