Stasjon Goes

From Wikipedia, the free encyclopedia

Stasjon Goes
Remove ads

Stasjon Goes (Gs) is in spoarweistasjon yn de Nederlânske stêd Goes yn de provinsje Seelân. En waard iepene yn 1868 oan de Steatsline F (Roosendaal - Flissingen).

Fluch de feiten
Remove ads

Gebou

Thumb
1e stasjonsgebou stasjon Goes om en de by 1900
Thumb
1e stasjonsgebou stasjon Goes om en de by 1980

It oarspronklike spoarweistasjon fan Goes wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS fjirde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de fyftjin stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud waard. It gebou wie ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van BrederodeIt stasjon wie sûnt de iepening meardere kearen útwreide. Yn 1873 oan wjerskanten al útwreide mei twa fleugels, de fleugel oan de rjochterkant waard yn 1902 útwreide de linkerfleugel folge yn 1914. Yn de jierren 30 waard der in leech part foar de foargevel pleatst mei in plat dak. It earste stasjongsgebou waard ôfbrutsen yn 1982.

It stasjon waard yn 1982 ferfongen troch in nij gebou fan de hân fan arsjitekt Koen van der Gaast. De oarspronklike perronoerkaping waard lykwols behâlden. It eilânperron fan stasjon Goes kin fanút de stasjonshal, dy't noardlik fan de spoaren leit, berikt wurde troch middel fan in fuotgongerstunnel. Oan de westkant fan it perron is der ek in oerwei, dy 't liedt nei it busstasjon. Yn 2002 waard de tunnel ferlinge en fan in twadde útgong oan de súdkant fan it stasjon foarsjoen. Yn 2012 waard it stasjon foarsjoen fan liften om de tagonklikens foar reizgers mei in rolstoel te ferbetterjen.

Remove ads

Treinferbinings

Mear ynformaasje Searje, Treintype ...
Remove ads

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads