Stasjon Hoogeveen

From Wikipedia, the free encyclopedia

Stasjon Hoogeveen
Remove ads

Stasjon Hoogeveen (Hgv) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Hoogeveen yn de provinsje Drinte. It waard iepene yn 1870 oan de Steatsline C (Meppel - Grins).

Fluch de feiten
Remove ads

Gebou

Thumb
1e stasjonsgebou stasjon Hoogeveen om en de by 1900

It oarspronklike spoarweistasjon fan Hoogeveen wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type Hoogezand, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de tsien stasjons dy't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou wie ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode.

It stasjon waard yn 1984 ferfongen troch in nij gebou fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. Douma hat it sylhûet fan it âlde stasjon probearre te imitearjen yn it nije troch hege oerkaping dominearre stasjonsgebou. Oan 'e efterkant fan dizze oerkaping is de sintrale hal mei twa lege fleugels. Yn 2014 krige de stasjonstunnel nei it 2e perron, liften foar reizgers mei in rolstoel.

Remove ads

Treinferbinings

Mear ynformaasje Searje, Treintype ...

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads