Sweven
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
Sweven is in foarm fan fleanen sûnder gebrûk te meitsjen fan lykfol hokker foarm fan oandriuwing, mar wêrby't dochs yn in min ofte mear horizontaal flak in relatyf lange ôfstân ôflein wurdt. Wat dat lêste oangiet, kin sweven ûnderskaat wurde fan bygelyks it frijwol fertikale delgean fan in rûne parasjute.

Fûgels kinne sweve as se de wjukken stilhâlde. Fral gruttere fûgels, lykas albatrossen (Diomedeidae), earrebarren (Ciconiidae), reagers (Ardeidae), gieren (Aegypiinae, Gypaetinae en Cathartidae) en earnen (Aquilinae) dogge soks gauris.
Ferskate oarsoartige bisten, dy't net echt fleane kinne, binne wol by steat om einen te sweven. Men kin dan tinke oan sûchdieren lykas fleanende iikhoarntsjes (Pteromyini), hûdfleaners (Dermoptera), sûkeriikhoarntsjes (Petaurus) en fleanende bûdelmûzen (Acrobatidae). Sokke bisten hawwe hûdflappen (patagia) tusken de foar- en efterpoaten dy't by it sweven as wjukken tsjinje.
De ûnderskate soarten fan fleanende draakjes (Draco), in skaai fan hagedissen, sweve troch har ribben út te sprieden. Fleanende fisken (Exocoetidae) dogge it mei har tige lange boarstfinnen. De fleanende kikkert (Rhacophorus reinwardtii) hat ekstreem grutte poaten mei swimfluezzen tusken de wiid útsteande teannen, en dêropta lytse hûdflappen by de siden lâns. De fleanende slangen (Chrysopelea) sweve sûnder lykfol hokker wjukken troch de ûnderkant fan it lichem ôf te platsjen.
Yn 'e loftfeart komt sweven foar by sweeffleanmasinen. Fleanen (sweven) mei sokke fleantugen is ek in sport, dy't sweeffleanen neamd wurdt. Mar dizze foarm fan fleanen wurdt ek benutte by hanggliding, paragliding en fleanen mei wingsuits.
Remove ads
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads
