Syrakuse
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
Syrakuse (Italjaansk: Siracusa) is in havenstêd oan 'e eastkust fan Sisylje. It is de haadstêd fan 'e gemeente Syrakuse, foar 2015 de provinsje Syrakuse. Syrakuse waard yn 2005 op 'e Wrâlderfgoedlist fan UNESCO set, tegearre mei de Pantalica-kliffen.
Under de gemeente Syrakuse falle ek de Frazioni (doarpen) Arenella, Belvedere, Carrozziere, Cassibile, Fanusa, Fontane Bianche, Isola, Ognina, Plemmirio, Punta Milocca, Terrauzza.
Remove ads
Skiednis
De stêd waard yn 734 f.Kr. troch Grykske kolonisten út Korinte stifte en krige de namme Syrakuse. Syrakuse waard troch Sisero omskreaun as "de grutste Grykske stêd en de moaiste fan allegear". Oarspronklik waard de stêd op it eilân Ortygia boud, dat letter ferbûn waard mei it fêstelân, dêr't fjouwer útwreidingen plakfûnen dy't tegearre de "Pentapolis" foarmje.
Under Gelo (485–478 f.Kr.) waard Syrakuse in seemacht dy't oerwinningen behelle op 'e Kartagers yn 480 f.Kr. by Himera en op 'e Etrusken yn 474 f.Kr. by Kyme, itjinge Syrakuse de kontrôle joech oer de súdwestlike Middellânske See. Under Hieron I (478–466 f.Kr.) ûntwikkele Syrakuse him kultureel. Dionysios I (405–367 f.Kr.) boude útwrydske fersterkingen, ynklusyf de fêsting Euryalus, dy't Syrakuse beskerme tsjin Kartaachske troepen.
De memmestêd Korinte stjoerde Timoleon (343–337 f.Kr.) nei Syrakuse. Hy makke in ein oan 'e oanhâldende boargeroarloch en lei de basis foar in nije gloarjetiid ûnder Agathocles (322–289 f.Kr.). Nei de dea fan Hieron II yn 215 f.Kr. krige Syrakuse goede bannen mei Kartago ynstee fan 'e eardere goede bannen mei Rome. Rome oermastere Syrakuse yn 212 f.Kr. by de Twadde Punyske Oarloch. Neffens de tradysje waard de soan fan 'e stêd, de útfiner en wiskundige Archimedes, fermoarde by de oermastering. Syrakuse waard it bestjoerlik sintrum fan 'e provinsje Sisylje ûnder Rome.

Om it jier 59 hinne farde in skip fan Malta mei Sint-Paulus nei Sisylje. Alhoewol't it net wis is oft Sint-Paulus by Syrakuse oan lân gie, bleau de apostel dêr likernôch trije dagen en neffens guon boarnen soe Paulus preke ha op it plak fan 'e âlde timpel fan 'e goadinne Atene. Mei de komst fan it kristendom waard de timpel in tsjerke en in ynskripsje dy't yn 'e binnenmuorren gravearre is betinkt besikers noch altyd oan 'e earste kristlike mienskip dy't yn Jeropa ûntstie. De tsjerke is yn alle gefallen ien fan 'e âldste noch besteande kristlike tsjerken fan 'e wrâld. Sinte-Lesij ferstoar yn 'e iere 4e iuw de martlerdea yn har berteplak Syrakuse.
Nei de Arabyske ferovering fan Sisylje naam it belang fan Palermo ta yn it neidiel fan Syrakuse. De Byzantinen krigen Syrakuse yn 'e jierren 1038–1040 yn hannen en yn 1085 waard it plak oermastere troch de Normandjers.
Op 29 april 1676 ferstoar Michiel de Ruyter op it skip d'Eendraght yn 'e baai fan Syrakuse oan in ynfeksje nei't er rekke wie troch in Frânske kanonskûgel. De Spaanske kening hie De Ruyter noch foar de slach de hartochstitel tasein, mar dat berjocht kaam foar De Ruyter te let doe't er al trije dagen earder ferstoarn wie.
De stêd waard yn 1693 troch in swiere ierdskodding troffen.
Remove ads
It besjen wurdich

Yn it distrikt Ortygia is de Timpel fan Apollo yn Doryske styl út 'e 6e iuw f.Kr. en de Timpel fan Athena dy't omboud waard ta in tsjerke en yn 'e lette 17e iuw werboud waard ta de barokke katedraal. Yn Ortygia is ek it Montalto-paleis mei in promininte 14e-iuwske gevel, de Bellomo- en Parisio-paleizen út 'e 12e oant 14e iuw mei goatyske ynfloeden en it Vermexio-paleis (1628) en it Beneventano del Bosco-paleis (1775). Yn it distrikt Neapolis binne oerbliuwsels fan hillichdommen, it Grykske Teater fan Hieron II út 'e 3e iuw f.Kr. en in Romeinsk amfiteater út 'e 1e iuw f.Kr. Op it Epipolae-plateau is it Euryalus-fort boud ûnder Dionysios I.
Kultuer
De stêd, dy't de sit fan in aartsbisdom is, hat in archeologysk museum en in keunstmuseum.
Remove ads
Ekonomy
Syrakuse is in havenstêd mei wichtige yndustry, ynklusyf in oaljeraffinaderij, petrogemyske, semint- en fiedselyndustrie. Ek toerisme foarmet in wichtige boarne fan ynkommen en Syrakuse hat wetterferbiningen nei Malta en Tunis.
Ofbylden
- Strjitte yn Ortygia.
- Sint-Jehannestsjerke.
- Domplein.
- Sinte-Lesijtsjerke.
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads
