Warffum

From Wikipedia, the free encyclopedia

Warffum
Remove ads

Warffum (Grinzersk: Waarvum) is in doarp yn de gemeente It Hegelân yn Grinslân. Warffum leit oan it Hegelânspoar.

Fluch de feiten

Op de wierde fan it doarp ien fan de heechste fan Grinslân stiet de midsiuwske herfoarme tsjerke fan Warffum; dizze tsjerke is yn bakstien ferhege yn de twadde helte fan de 16e iuw. Yn de 19e iuw binne skip en koar fan de tsjerke pleistere yn neogoatyske trant, nei in ûntwerp fan de arsjitekt Nicolaas Willem Laat. Krekt bûten Warffum stiet de Breedenborg yn it buorskip Breede.

Oan de súdkant fan Warffum leit it kanaal it Warffumermaar. Noardlik ferbynt it Polderdjip it doarp mei it Noardpolderkanaal of Noardpolderfeart by de Noardpolder. Yn it Polderdjip leit in (eardere) skutslûs, it Warffumerferlaat, en in kearslûs de Klief of de Wachter neamd. Warffum is oer de dyk ûnder mear berikber fia de provinsjale dyk 363 en hat in treinstasjon oan de spoarline fan Grinslân nei Eemshaven.

It doarp hat in iepenloftmuseum, neamd Het Hoogeland, dêr't de huzen diel fan útmeitsje fan it doarp. Sa is in helte fan in hûs te sjen, wylst de oare helte bewenne wurdt.

Remove ads

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads