Westerkertier (gemeente)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
De gemeente Westerkertier is sûnt 1 jannewaris 2019 in gemeente yn de provinsje Grinslân. De gemeente ûntstie troch gearfoeging fan de eardere gemeenten Súdhorn, Gruttegast, Mearum en De Like. De gemeente komt foar it measte oerien mei it gea Westerkertier. Dêrnjonken is ek in diel fan de eardere gemeente Winsum by it Westerkertier foege, de rest fan dy gemeente waard yndield by de ek yn 2019 ûnstiene gemeente It Hegelân (Het Hogeland). It gemeentehûs fan de gemeente Westerkertier stiet yn Súdhorn. De gemeente hie op 1 jannewaris 2024 in ynwennertal fan 64.806 (boarne: CBS).



Dizze side giet oer de hjoeddeistige gemeente. Foar it histoaryske gea, sjoch: Westerkertier.
Remove ads
Skiednis
Oant 1990 bestie de hjoeddeiske gemeente Westerkertier út de gemeentes Ezinge, Oldehove, Grypstsjerk, Súdhorn, Aduard, Oldekerk, Gruttegast, Mearum en De Like. Yn dat jier waarden de acht ferskate gemeentes oant fjouwer werombrocht: Súdhorn, Gruttegast en de doe al besteande gemeentes Mearum en De Like. De gemeente Ezinge waard doe gearfoege mei de gemeente Winsum.
Op 1 jannewaris 2019 ûnstie de hjoeddeiske gemeente Westerkertier.
Remove ads
Plakken
De gemeente bestiet út 41 doarpen, wêrfan't de fiif grutste plakken Súdhorn, De Like, Mearum, Tolbert en Gruttegast binne.
Remove ads
Polityk
Gemeenteried
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads