Westerlee

From Wikipedia, the free encyclopedia

Westerlee
Remove ads

Westerlee (Grinslânsk: Westerlij) is in doarp yn de gemeent Aldamt yn de provinsje Grinslân. It doarp hie op 1 jannewaris 2019 1.495 ynwenners en it leit tusken Hilligerlee en Meeden. It doarp leit op de grins fan it de histoaryske Fryske goa Aldamt en de Grinzer Feankoloanjes. Westerlee wie fan 1811 oant 1821 in selsstannige gemeente.

Fluch de feiten
Remove ads

Namme

De namme Westerlee ferwiist nei in sânrêch (lee), dêr't it doarp op boud waard. Dy sânrêch skiedt dêr it feangebiet fan it klaaigebiet. Benoarden it doarp begjint it Aldamt, en besuden begjinne de Feankoloanjes.

Skiednis

It doarp waard foar it earst neamde yn in âlde kleasterkronyk út 1230. De parochy hie yn dy tiid in bannen mei it kleaster fan Heiligerlee. De âlde herfoarme tsjerke waard yn 1776 ferfongen troch in nije tsjerke. Op de hjoeddeiske tsjerke stiet in ôfbyld fan Sint-Joaris. Sûnt 2010 binne der gjin tsjerketsjinsten mear, mar wurdt it gebou noch hieltyd brûkt foar bysûndere gelegenheden. De grifformearde tsjerke, dy't yn 1930 boud waard, moast yn 2012 slute, om't der hast gjinien mear yn de tsjerkerie siet. Dêrnei waarden der yn Westerlee gjin tsjerketsjinsten mear holden.

It eastlike part fan it doarp wie yn de santjinde iuw in aparte útbuorren dat De Smacht neamd waard, nei in earder foarwurk fan it kleaster Heiligerlee, dy't oant it begjin fan de tweintichste iuw ta it kerspel Heiligerlee rekkene waard.

Remove ads

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads