Asa Akira

From Wikipedia, the free encyclopedia

Asa Akira
Remove ads

Asa Akira, echte namme: Asa Takigami (New York, 2 jannewaris 1986), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan Japansk komôf.

Fluch de feiten
Remove ads

Libben en karriêre

Asa Akira waard berne yn 'e stêd New York, mar groeide fan har sechsde oant har trettjinde jier op yn 'e Japanske haadstêd Tokio. Neitiid remigrearren har âldelju nei New York, dêr't Akira yn 2004 har middelbere-skoaloplieding oan 'e Washington Irving High School ôfrûne. Yn 2006, doe't se tweintich jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film foar it label Gina Lynn Productions, mei as tsjinspiler pornoakteur Travis Knight. Dat wie neidat se al yn in pear lesbyske sênes spile hie mei Gina Lynn sels. Sûnt hat Akira yn likernôch 200 pornofilms spile en is se ien fan 'e súksesfolste Amerikaanske pornoaktrises fan 'e lêste jierren wurden. Se grossieret suver yn AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld), dêr't se yn 2011 5 fan wûn, yn 2012 7 en yn 2013 6.

Njonken har pornokarriêre wurke Akira yn 2006-2007 likernôch in jier mei oan it radioprogramma Bubba the Love Sponge, dêr't se bekendstie as de "Showhoer". Yn desimber 2012 troude hja mei kollega-pornoakteur en pornoregisseur Toni Ribas. Yn 2013 sette se tegearre mei keunstner David Choe útein mei fergese online-podcasts yn episoades fan elkmis 90 minuten, ûnder de titel DVDASA. Datselde jiers krige se troch it tydskrift Complex it fjirde plak taparte op 'e ranglist fan 'e hûndert oantreklikste pornostjerren fan hjoed de dei. Asa Akira is 1.57 m lang, mei in gewicht fan 48 kg, en wennet noch altiten yn New York, yn de wyk Manhattan.

Remove ads

Prizen en nominaasjes

Mear ynformaasje Jier, Priis ...
Remove ads

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads