Aldkakigen
From Wikipedia, the free encyclopedia
De âldkakigen (Latynske namme: Palaeognathae) foarmje in tuskenklasse fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves) en de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes). Dit is in relatyf lytse groep fan sa'n 60 soarten fûgels, besteande út 'e tinamû's en grutte rinfûgels, mei as bekendste fertsjintwurdiger de strúsfûgel (Struthio camelus). De âldkakigen foarmje it sustertakson fan 'e nijkakigen (Neognathae), dêr't alle oare libbene fûgelsoarten ta hearre, mear as 10.000 yn oantal. De namme 'âldkakigen', in letterlike oersetting fan it Latynske Palaeognathae, ferwiist nei de 'âlde' (palaeo) struktuer fan 'e kaak (gnath) by dizze fûgels, dy't nammentlik 'primitivere' (d.w.s. reptyleftige) skaaimerken fertoane soe as de kaakstruktuer fan 'e nijkakigen. Nettsjinsteande de offisjele nammejouwing bestiet oer dit punt lykwols gjin wittenskiplike konsensus.
Aldkakigen | ||
In strúsfûgel (Struthio camelus). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
tuskenklasse: | âldkakigen (Palaeognathae) | |
Pycraft, 1900 | ||