Koos Tiemersma
From Wikipedia, the free encyclopedia
Koos Tiemersma (Frjentsjer, 20 maart 1952) wennet en wurket as ûnderwizer yn Kollumersweach. Nei in beskieden karriere yn de muzyk is er ein njoggentiger jierren útein set mei skriuwen. Yn 1999 stjoerde er syn earste ferhaal yn foar de Rely Jorritsmapriis. Yn 2002 ferskynde syn earste roman De Ljedder, dy't yn 2004 bekroand waard mei de Rink van der Veldepriis. Yn 2004 ferskynde syn twadde roman, De mjitte. Twa jier letter (2006) kaam syn tredde roman út mei as titel It liet fan de ibis. Foar de Fryske boekewike 2007 hat er it boekewikegeskink Mind games skreaun.
Fluch de feiten
Koos Tiemersma | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Froon Akker | |
echte namme | Koos Tiemersma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 20 maart 1952 | |
berteplak | Frjentsjer (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
sjenre | lit. romans, hist. romans | |
bekendste wurk(en) | De ljedder (2002), Mind Games (2007), Under wetter (2009), Einum (2012) | |
útjouwer | Friese Pers Boekerij oant en mei 2009, dêrnei yn eigen behear | |
prizen | Rink van der Veldepriis 2004 (foar De ljedder) | |
jierren aktyf | 2000 – no | |
offisjele webside | ||
Froonakker.nl |
Slute
Op 25 desimber 2009 hâldt Koos Tiemersma nei tsien jier op mei skriuwen[1].