From Wikipedia, the free encyclopedia
Martin Brand (Utrecht, 12 maaie 1980) is in kristlike Nederlânsk sjonger, skriuwer en sprekker.
Martin Brand | ||
artyst en/of kabaretier | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlanner | |
berne | 12 maaie 1980 | |
berteplak | Utert | |
stoarn | n.f.t. | |
wurkpaad | ||
wurksum as | sjonger, skriuwer | |
jierren aktyf | 2004-no | |
offisjele webside | ||
http://www.martinbrand.nu/ |
Brand waard opbrocht yn de omkriten fan Emmeloard. Hy studearre trije jier oan keunstakademi ArtEZ Art & Design Zwolle yn Swol, mar make dy oplieding net dien. Dêrnei folge er in diakonaal jier by de jongereinorganisaasje Youth for Christ. Brand is sûnt 2004 belutsen by de ynternasjonale yntertsjerklike sindingsorganisaasje Operaasje Mobilisaasje. Hy wurke dêr as sjonger/sprekker en skriuwer.
Yn 2009 gie Brand by OM-Nederlân wei (mar is der noch wol ambassadeur fan) en gie selsstannich fierder yn Martin Brand Producties.
Brand hat sân Nederlânsktalige albums en in album yn it Ingelsk útbrocht, mei fral gospels dy't er sels skreau. Ek krige er omtinken by in toenee fan de Amerikaansk sjonger/songwriter Keith Green. Hy wie fierders dirigint, workshoplieder, skoallieder/dosint op de HQ-keunstskoalle en radiopresintator by Groot Nieuws Radio.
Sûnt 2010 wie er de inisjatyfnimmer fan Praise United-eveneminten wêrby't mear as hûndert koarleden út in hele provinsje byelkoar komme en meiïoar ien "megakoar" foarmje dat dêrnei mei in profesjonele band in oanbiddingskonsert jout.[1][2]
Brand krige 3 juny 2012 in hertstilstân, waard troch syn frou reänimearre en waard opnaam yn it sikehûs. Ein juny 2012 mocht er wer nei hûs.[3] Dêrnei krige Brand noch fiif kear in hertstilstân.[4]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.