Menameradiel
From Wikipedia, the free encyclopedia
Menameradiel (sûnt 1 jannewaris 2011 offisjeel Frysk; Nederlânsk: Menaldumadeel) wie in gemeente dy't yn it noardwesten fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân lei, net fier fan Ljouwert ôf. Dizze gemeente hie op 30 april 2017 in befolking fan 13.439 minsken. It oerflak bedroech yn totaal 70,03 km², wêrfan't 1,2 km² út oerflaktewetter bestie. It gemeentehûs fan Menameradiel stie yn Menaam, mar it grutste plak fan 'e gemeente wie Dronryp. Menameradiel gie op 1 jannewaris 2018 op yn 'e nije fúzjegemeente De Waadhoeke.
Fluch de feiten flagge, wapen ...
Menameradiel | |
---|---|
De Havenstrjitte yn Dronryp, mei op 'e eftergrûn d' Alde Wite. | |
flagge | wapen |
![]() |
![]() Wapen fan Menameradiel |
lokaasje | |
![]() | |
polityk | |
lân | ![]() |
provinsje | ![]() |
sifers en geografy | |
haadplak | Menaam |
grutste plak | Dronryp |
ynwennertal | 13.439 (2017) |
befolkingstichtens | 195,2 / km² |
oerflak | 70,03 km² |
● wêrfan lân | 68,87 km² |
● wêrfan wetter | 1,16 km² |
tal doarpen | 13 |
ferkearsieren | A31, Spoar Ljouwert-Harns |
skiednis | |
oprjochte | 1851 |
oant 1851 | ![]() |
opheft | 2018 |
opgien yn | |
no part fan | |
oar | |
netnûmer | 058, 0517, 0518 |
postkoade | 8816, 9030–9045 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.menaldumadeel.nl |
Slute