Nes (It Hearrenfean)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Nes is ien fan de doarpen yn 'e gemeente It Hearrenfean. It doarp leit mei de bebouwing oan Akkrum, sadat meast sprutsen wurdt oer Akkrum-Nes. It doarp leit op it plak dêr't de Nesker Sylroede op de Boarn útkomt. De namme, dy't yn 1243 foar it earst neamd wurdt, hat it krigen fan de punt lân tusken dizze twa wetters. Under it doarp falle ek de buorskippen Bokkum, Burstum, Pean en Soarremoarre.
Fluch de feiten
Nes (It Hearrenfean) | ||
Wettertoer | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | It Hearrenfean | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.025 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 8,43 km², wêrfan - lân: 7,87 km² - wetter 0,56 km² | |
Befolkingsticht. | 132 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 03' N 5° 51' E | |
Kaart fan Akkrum-Nes | ||
Offisjele webside | ||
Side Akkrum-Nes | ||
Kaart | ||
Slute
It doarp hat 1.025 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.