Reitse Spanninga
From Wikipedia, the free encyclopedia
Reitse Spanninga (De Jouwer, 9 septimber 1960), is in Fryske sjef-kok en telefyzjepresintator fan De Jouwer.
Reitse Spanninga | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Reitse Spanninga | |
berne | 9 septimber 1960 | |
berteplak | De Jouwer | |
wurkpaad | ||
wurksum as | telefyzjekok | |
bekend fan | Lekker ite mei Reitse | |
jierren aktyf | 2006 - no | |
offisjele webside | ||
http://www.reitsespanninga.nl |
Reitse Spanninga waard berne as soan fan de direkteur fan Spanninga Metaal. It kokspakje dat er as seisjierrich jonkje fan syn mem krige hinge letter yn syn restaurant. Nei syyn oplieding oan de Bakkerij en Horeca Foakskoalle yn Ljouwert die er nei 1977 as kok praktykûnderfing op yn restaurants yn Breda, Grins, ’t Goai en de Veluwe. Yn 1985 waard hy learaar op de Bakkerij en Hoareka Fakskoalle yn Ljouwert. Yn 1988 begûn er mei syn frou Tryntsje in eigen restaurant op De Jouwer. Yn 2013 waard er by gelegenheid fan syn 25-jierrich bestean fan syn saak kok oan board fan kening Alexander en prinses Maxima doe’t it pear fan Fryslân nei Noard-Hollân farde. Nei tritich jier ferkocht er yn 2018 dit restaurant ’t Plein.[1][2]
Reitse Spanninga wie yn 2000 oprjochter en oant 2015 foarsitter fan restaurantclub Fryslân Culinair, in gearwurkingsferbân fan hoarekasaken. Boppedat wie hy regiobestuurder van Keninklike Hoareka Nederlân.[3]