Wânswert
doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân / From Wikipedia, the free encyclopedia
Wânswert is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Wânswert leit noardwestlik fan Burdaard, súdeastlik fan Marrum en besuden Ferwert. Wânswert hat 235 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn leit rûn De Buorren, Skoallestrjitte en Oan’e Kamp om de terp fan Wânswert.
Fluch de feiten
Wânswert | ||
Sicht op Wânswert | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Noardeast-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 235 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 6,41 km², wêrfan: - lân: 6,28 km² - wetter: 0,13 km² | |
Befolkingsticht. | 35 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 18' N 5° 50' E | |
Offisjele webside | ||
Side fan Wânswert | ||
Kaart | ||
Slute
De buorskippen Tergrêft en Bartlehiem (diel) hearre ek by Wânswert. Earder hearde de útbuorren Wânswert oan de Streek ek by Wânswert, mar dy útbuorren is sûnt 1984 part fan Burdaard.