Anty-Revolúsjonêre Partij
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
De Anty-Revolúsjonêre Partij is as rjochting om 1830 ûntstien ûnder lieding fan Guillaume Groen van Prinster. 'Anty-revolúsjonêr' ferwiist nei it fersmiten fan de begjinsels fan de Frânske Revolúsje.


Yn 1878 waard it ta partij organisearre troch Abraham Kuyper en wie it de earste politike partij fan Nederlân. As begjinselprogram waard "Ons Program" skreaun. Yn Fryslân bestie grutte sympaty foar de antyrevolúsjonêre begjinsels by de rjochtsinnige protestanten. De earste AR-kiesferiening waard yn 1852 oprjochte yn Ljouwert. Troch de Doleânsje ûntstie ferwidering. Foar de AR-partij oer kaam de CHU te stean, oprjochte troch herfoarme predikanten. Sûnttiids wiene de AR en de grifformearden hast identyk.
By de ferkiezings fan 1956 helle de AR yn Fryslân 22% fan de stimmen (yn Nederlân hast 10%). Yn de Steaten wiene doe 12 fan de 50 sitten troch antyrevolúsjonêren beset. De AR-Partij wie it sterkst yn de Dongeradielen, Dokkum, Dantumadiel en Kollumerlân.
It Provinsjaal Bestjoer bestie út 185 leden (út elke kiesferiening ien ôffurdige). It Deistich Bestjoer waard foarme troch 10 leden. In AR Propaganda Kommisje soarge foar lektuer, films, kursussen en sprekbeurten (22 leden). De froulju hiene in AR Froulju Aksje (allinnich yn Fryslân) en de jongerein wie yn de (lanlike) ARJOS organisearre. It oantal leden yn Fryslân wie 12.938 (1956). De partij hie in provinsjaal buro mei in besoldige siktaris.
Remove ads
Kristen Demokratysk Appèl

Yn 1967 wie de ARP tegearre mei de Kristlik-Histoaryske Uny (CHU) en de Katolike Folkspartij (KVP) yn petear oer hoe't 'Kristlike polityk' der útsjen moast. De fraksjelieders Biesheuvel, Mellema en Schmelzer kamen op telefyzje om it motto samen uit, samen thuis te ferdúdlikjen. Under lieding fan Piet Steenkamp rjochten de trije partijen yn 1973 it Kristen Demokratysk Appèl (CDA) op. Yn 1980 waarden ARP, CHU en KVP opheft. De ARP gie fierder mei in katolike partij wylst men yn de jierren 50 noch in lichte wjersin foar katoliken oer hie.
Remove ads
Ledetal
Remove ads
Resultaten by parlemintsferkiezings
1918: 13,4 %
1922: 13,7 %
1925: 12,2 %
1929: 11,6 %
1933: 13,4 %
1937: 16,4 %
1946: 12,9 %
1948: 13,2 %
1952: 11,3 %
1956: 9,9 %
1959: 9,4 %
1963: 8,7 %
1967: 9,9 %
1971: 8,6 %
1972: 8,8 %
Antyrevolúsjonêre ministerpresidinten
- 1888–1891: Æneas Baron Mackay de Jongere
- 1901–1905: Abraham Kuyper
- 1908–1913: Theo Heemskerk
- 1925–1926: Hendrikus Colijn (1e Regearperioade)
- 1933–1939: Hendrikus Colijn (2e Regearperioade)
- 1940–1945: Pieter Sjoerds Gerbrandy (Om utens yn London)
- 1966–1967: Jelle Zijlstra
- 1971–1973: Barend Biesheuvel
Partijfoarsitters
Remove ads
Sjoch ek
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads
