From Wikipedia, the free encyclopedia
In ets is in ôfbylding makke yn djipdruktechnyk fan in koperen of sinken plaat dêr’t de ôfbylding troch soer yn etst is.
Skiednis fan de boekdrukkeunst | |
---|---|
Blokdruk | 200 f.Kr. |
Losse letters | 1040 |
Drukparse | 1453 |
Ets | ± 1515 |
Mezzotint | 1642 |
Akwatint | 1772 |
Litografy | 1796 |
Gromolitografy | 1837 |
Rotaasjeparse | 1843 |
Stinsel | 1869 |
Leadsetten | 1884 |
Mimeograaf | 1886 |
Kopiearapparaat | 1907 |
Seefdruk | 1910 |
Matrizedruk | 1923 |
Kserografy | 1938 |
Fotosetwurk | 1949 |
Inket(snjit)printer | 1951 |
Kleurstofsublimaasjedruk | 1957 |
Matriks(nulle)printer | 1968 |
Laser(ljocht)printer | 1969 |
Termoprinter | ± 1972 |
3D-printer | 1984 |
Digitale printer | 1993 |
De etstechnyk ûntstie om 1400 hinne út de wapensmidterij yn Jeropa wei. Yn dy wurksteeën brochten wapensmidten mei skerpe beitels fersierings oan yn harnassen en wapens, As de gravuere klear wie, waard dy opfolle mei swarte emalje, niëllo, en waard der in wiet fel papier oerhinne lein. De niëllo luts foar in part yn it papier en sa ûntstie in print yn spegelbyld fan de makke gravuere. Dy ôfdruk waard mar foar ien doel brûkt: hy funksjonearre as staalkaart foar it fakmanskip fan de wapensmid. Sokke ôfdrukken wiene goed reklamemateriaal om nije klanten te lûken. It is dus net nuver dat de gravuere as reproduksjetechnyk syn oarsprong hat yn dy wapensmidtes, omdat de brûkte technyk fierhinne itselde wie. Earst yn de 16e iuw begûnen printers it proses te brûken.
Yn it tiidrek fan it ûntstean fan de gravuere fûnen se út dat metaal reagearre mei in soer of in baze, dêr’t it metaal troch oantaaste waard. Dêr ûntstie de etstechnyk út, dy’t ek hieltyd mear brûkt waard yn de boekdrukkeunst. It etsen bart op in koperen of sinken plaat. Dy plaat mei polyste wurde mei fyn skjirpapier of polystguod om in sa glêd mooglik oerflak te krijen. De skerpe rânen wurde - as dêr ferlet fan is - mei in faset mei in skeane kant foarsjoen, troch de sydkanten mei in swiete file of skjirre wat skean te meitsjen. Dat om foar te kommen dat by it ôfslaan de hannen iepenhelle wurde en ek om it drukkersfilt te beskermjen tsjin snijïngs troch de och sa hege druk fan de etsparse.
De foarkant (byldside) fan de metalen plaat wurdt ôfdutsen mei etsgrûn, in floeiber opbrochte laach dêr’t foar it meastepart bijewaaks en white spirit yn sit, of in bal hurde etsgrûn, dy’t op in ferwaarme plaat útrôle wurdt. Om lokale plakken ôf te dekken, lykas by akwatint, brûke jo in ôfdeklaach, ôfdekfernis neamd, dy’t út asfaltpoeier en terpentine bestiet. De efterkant fan de plaat dekke jo ôf mei spirituslak (skellak oplost yn spiritus). Dat is handich by it skjinmeitsjen fan de byldkant, om’t skellak (gomlak) allinnich mei alkohol (etanol, metanol) of thinner oplost en de fernis oan de byldkant (foarkant) allinnich mei terpentine of white spirit. Faak brûke se om de efterkant ôf te dekken brune tape (plakbân) wat gau oan te bringen is. Dêrnei bringt de etser mei in etsnudle of skerp ding de ôfbylding (line-ets) yn de ôfdeklaach oan, rekkenjend mei de ôfdruk dy’t yn spegelbyld op de ôfdruk (drager, blêd) komt te stean.
Ofhinklik fan it brûkte materiaal en de bedoeling fan de etser, wurdt de plaat yn soer of yn sâlt biten (etst). It biten yn in sâltoplossing (gloride) hat as foardiel dat it de linen allinnich yn de djipte byt. In neidiel fan biten yn sâlt is dat de izerglorideoplossing in ûntrochsichtige brune floeistof is. De etser sjocht dus net wat er docht, mar moat witte noelang’t er in plaat baaie moat om ta in goed resultaat te kommen. Boppedat moat de etsplaat oarsom - mei ôfbyldingskant nei ûnderen - yn de etsbak dien wurde. Biten yn koper kin mei salpetersoer en izergloride. Salpetersoer wurket net of hiel stadich ûnder in temperatuer fan 12 graden Celsius. Sinkplaten yn izergloride etse kin goed, mar jout gefaarlike dampen op. Yn de regel wurde koperen etsplaten yn izergloride en sinken platen yn salpetersoer biten. By salpetersoer is de line raffelich en hat dy oanstriid wat breder te wurden. Nei it ynbiten wurdt de etsgrûn ferwidere mei terpentine of white spirit.
Tsjintwurdich wurde sinkplaten benammen mei kopersulfaat etst (‘Bordeaux-ets’), en koperplaten mei izergloride. Izergloride jout goede resultaten yn koper en is minder skealik foar de brûker (etse mei salpetersoer jout nitreuze dampen op). Koperetsen hat as foardiel dat dy ek ferstiele wurde kinne (mei in tin groomlaachje fan inkelde mykron) dêr’t de plaat net sa gau troch slyt, en gau ôf te slaan is, mar benammen de inket en kleure etsinket, sil net fan kleurtoan feroarje. Giele etsinket bygelyks, sil op in sinkplaat och sa gau ‘oksidearje’ = brunich wurde, op in koperen etsplaat wat minder en op in ferstiele koperen etsplaat hast net. Ek wurdt it saneamde ôfslaan in stik makliker mei in ferstiele etsplaat.
By etsen giet it om in tal redoksreaksjes.
As in plaat klear is, wriuwe jo inket yn de linen. Dêrnei wurdt de plaat ôfslein: de inket wurdt earst mei bol tarlatan (tsiisdoek) fan de plaat wreaun, dêrnei wurdt der mei in flotte haal fan de hân, wêrby’t de mûs fan de hân hiel licht oer de plaat ‘skimket’, it oerflak fan de etsplaat folslein skjinfage. Dat hjir ‘ôfslaan’, sadat allinnich de inket yn de etste stikken stean bliuwt. Dêrnei drukke jo de yninke plaat ûnder in etsparse ôf op klam makke papier. Earst lizze jo 2 - 3 lagen filt oer it bewurke etspapier dat oer de ôfsleine etsplaat leit. Troch de tige hege druk fan de etsparse - tusken 900 en 2000 kilo dêr wêr’t de wals it filt rekket - triuwe de lagen filt it papier yn alle mei inket folle lagen fan de etsplaat en kin it klam makke papier net oars as in syntese oan te gean mei de etsinket op oaljebasis.
Under it etsproses makket de etser geregeld proefôfdrukken of tuskendrukken. Dy tuskendrukken neame jo staten. Op basis dêrfan kin hieltyd in folgende stap set wurde.
Njonken de gewoane line-ets binne der ek oare etstechniken. De akwatint en de vernis mou binne de wichtichste.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.