Gerrit Dijkstra

From Wikipedia, the free encyclopedia

Remove ads

Gerrit Dijkstra of Gerryt Dykstra (Britswert, 3 desimber 1897Lochem, 13 maaie 1973), wie in frisist en oant 1963 learaar Dútsk oan 'e gymnasia fan Ljouwert en Snits. In bekend learling fan Dijkstra wie Cees Andriesse.

Fluch de feiten

Dijkstra promovearre yn 1946 op in Fryske dissertaasje oer libben en wurk fan Eeltsje Halbertsma en sette út it Yslânsk en it Deensk oer, nammentlik de Gunnlaugssêge en wurk fan Blicher, Kirk en Heinesen. Syn Skandinavyske bibleteek waard ûnderbrocht yn 'e Provinsjale Bibleteek te Ljouwert. Syn frou Welmoed Dijkstra-Talsma fersoarge fan 1931 oant 1952 de bernerubryk fan 'e Ljouwerter Krante ûnder de namme Muoike Wike.

Remove ads

Oersettings

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads