Gina Gerson

From Wikipedia, the free encyclopedia

Remove ads

Gina Gerson (Syrillysk: Джина Джерсон, útspr.: "Dzjina Dzjerson"; echte namme: Valjentina Lasjkejeva, Syrillysk: Валентина Лашкеева (Prokopjevsk,[1] 17 maaie 1991), is in Russysk neakenmodel en pornografysk aktrise. Hja hat yn it ferline gebrûk makke fan in ferskaat oan oare artystenammen, wêrûnder Doris Ivy, Gina H., Manuela, Penelope en Valya C. Gerson sette yn 2012 útein mei in wurkpaad yn 'e Jeropeeske en letter ek de Amerikaanske pornoyndustry, en hat sûnt yn in grut tal films spile.

Fluch de feiten
Remove ads

Libben en karriêre

Gerson waard yn 1991 berne yn Prokopjevsk,[1] yn 'e Sibearyske provinsje Kemerovo (en net yn Leningrad, sa't in soad Westerske websiden úthâlde). Hja waard grutbrocht troch har mem en beppe. Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie, studearre se fan 2009 ôf taalkunde mei in spesjalisaasje yn Ingelsk en Frânsk oan 'e Steatsuniversiteit fan Sint-Petersburch. Har doel wie doe om leararesse te wurden.

Yn har studintetiid hie Gerson yn 't earstoan bybaantsjes as servearster en skjinmakster, en ek wurke se in skoftke foar in koerierstsjinst. Yn 2010 begûn se ynstee te wurkjen as webcamgirl, om't se dêrmei folle mear fertsjinje koe yn folle minder tiid. Yn 2012, doe't se 21 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Har súkses op dat mêd late derta dat Gerson har stúdzje ôfbriek en nei de Hongaarske haadstêd Boedapest ferfear, dy't in sintrum fan 'e Jeropeeske pornoyndustry is. Letter wurke se ek yn 'e Feriene Steaten.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Gerson ein 2018 yn mear as 260 pornofilms spile, foar Jeropeeske filmstudio's as it Frânske Vidéo Marc Dorcel, it Nederlânske Video Art Holland, it Dútske Magmafilm, it Spaanske Woodman Entertainment, it Sweedske Private, en de Italjaanske Mario Salieri Entertainment Group. Oare kant de Atlantyske Oseaan hat Gerson wurke foar labels as Evil Angel, Penthouse, Digital Playground, Mile High Media, The Score Group, Girlfriends Films en Pure Play Media. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder Reality Kings en Brazzers.

Under har karriêre hat Gerson gearwurke mei kollega-aktrises as Tiffany Doll, Arwen Gold, Henessy, Jureka del Mar, Jessie Volt en Jasmine Webb, en mei manlike tsjinspilers as Marco Banderas, Danny D, Erik Everhard, Nick Lang, David Perry, Rocco Siffredi, Bruce Venture en Pierre Woodman. Gerson hat anno 2019 sân kear nominearre west foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld). Yn fraachpetearen hat se oanjûn dat se net smookt, gjin alkohol drinkt, gjin drugs brûkt en gjin fleis yt. Se is iepentlik biseksueel.

Remove ads

Lichemsskaaimerken

Gina Gerson is blank, mei brune eagen en brún hier, dat se út en troch wat blondearje lit. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m lang, mei in gewicht fan 40 kg, en in natuerlike kupmaat 34A. Utsein de wenstige gatsjes troch de earlellen hat se gjin piercings, en tatoeaazjes hat se likemin.

Prizen en nominaasjes

Mear ynformaasje jier, priis ...

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads