Bruce Venture

From Wikipedia, the free encyclopedia

Remove ads

Bruce Venture, echte namme Garrett Don Couto (Fresno (Kalifornje), 5 juny 1985), is in Amerikaansk pornografysk akteur fan etnysk Portegeesk komôf. Hy sette yn 2010 útein mei in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en hat sûnt grutte populariteit witten te winnen.

Fluch de feiten
Remove ads

Libben en karriêre

Venture waard yn 1985 berne yn Fresno, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hy makke yn 2010, doe't er 25 jier wie, syn debút yn in pornografyske film. Fan syn skûlnamme ûntliende er 'Bruce' oan 'e namme fan syn hûn en oan it feit dat er in fan fan akteur en fjochtsporter Bruce Lee is, en 'Venture' oan 'e namme fan 'e middelbere skoalle dêr't er op sitten hat.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Venture tsjin ein 2015 yn 165 films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as New Sensations, Wicked Pictures, Evil Angel, Hustler Video, Red Light District, Devil's Film, Digital Sin, Adam & Eve en Diabolic Video. Teffens hat Venture wol foar minder bekende studio's wurke, lykas Pure Play Media en Girlfriends Films. Dêrnjonken hat er ek in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder Brazzers, Kink.com en PornPros.

Under syn karriêre hat Venture û.m. wurke mei aktrises as A.J. Applegate, Briana Banks, Cassidy Banks, Summer Brielle, Casey Calvert, Mercedes Carrera, Lily Carter, Adriana Chechik, Tiffany Doll, Noelle Easton, Gina Gerson, Dillion Harper, Marica Hase, Tara Holiday, Diamond Jackson, Eva Karera, Diamond Kitty, Lisa Ann, Brandi Love, Valentina Nappi, Trinity St. Clair, Dakota Skye, Saya Song, Puma Swede, August Taylor, Jessie Volt en Jennifer White. Yn 2012 waard er nominearre foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory bêste manlike nijynkommeling. Teffens ûntfong er dat jiers in nominaasje foar in XRCO Award yn 'e kategory bêste nije dekhynst.

Remove ads

Lichemsskaaimerken

Bruce Venture is blank en hat brune eagen en brún hier. Neffens syn offisjele opjefte is er 1.88 m lang, mei in gewicht fan 84 kg. Hy hat gjin piercings of tatoeaazjes. Syn penis is yn ereksje likernôch 20 sm lang, en falt op trochdat er twakleurich is: de nút en útein, dêr't Venture besnien is, binne tige ljocht fan kleur, wylst de rest fan syn geslachtsdiel frij dûnker is, mei in skerpe demarkaasjeline tusken de beide kleurgebieten.

Remove ads

Prizen en nominaasjes

Mear ynformaasje Jier, Priis ...

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads