Jewel De'Nyle

From Wikipedia, the free encyclopedia

Jewel De'Nyle
Remove ads

Jewel De'Nyle, echte namme: Stephany Schwarz (Wetmore (Kolorado), 5 augustus 1976), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, pornoregisseur en pornoprodusinte fan mingd etnysk komôf, mei Sisyljaansk, Dútsk, Swartfuotsk-Yndiaansk, Spaansk en Ingelsk bloed. Har artystenamme, dy't ûntliend is oan 'e Amerikaanske avontuerefilm The Jewel of the Nile (út 1985, mei yn 'e haadrollen Michael Douglas, Kathleen Turner en Danny DeVito), wurdt ek wol (mis)stavere as Jewel DeNyle, Jewel Denyle of Jewel de Nyle.

Fluch de feiten
Remove ads

Libben

Karriêre

Jewel De'Nyle groeide op as in ienlingsbern yn in húshâlding yn Wetmore, in lyts plakje yn 'e steat Kolorado. Yn 'e midden fan 'e jierren njoggentich sette se útein as stripper, dêr't se tige súksesfol mei wie. Rillegau gie se op toernee by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns, en teffens besocht se foar optredens Jeropa. Yn 1998, doe't se 22 jier wie, makke se har debút yn 'e pornografyske film Electric Sex, fan it label New Sensations. Se tekene in kontrakt by dy filmstudio en wie der ferskate jierren foar wurksum, wêrby't se û.m. spile yn 'e North Pole-searje fan 'e legindaryske akteur/regisseur Peter North, mei wa't se twa jier lang troud wie.

Fan 2000 ôf regissearre De'Nyle sels ek films, yn 't earstoan foar Jill Kelly Productions, mar letter foar Red Light District. Mei help fan Dion Giarusso en David Joseph, de oprjochters en eigners fan Red Light District setten De'Nyle en regisseur Michael Stefano yn 2003 harren eigen filmstudio op, Platinum X Pictures, dy't funksjonearre as in dochterûndernimming fan Red Light District. De'Nyle regissearre films foar Platinum X Pictures en aktearre dêr ek yn, oant it yn juny 2006 fanwegen in saaklik skeel ta in breuk kaam tusken har Joseph, dy't tsjin dy tiid folslein eigner wie fan Red Light District en oan 'e selsstannigens fan Platinum X Pictures knoeide.

Neitiid wurke De'Nyle foar lytsere produksjebedriuwen, lykas Fifth Element en Sinsation Pictures. Yn totaal spile se yn likernôch 275 pornofilms, wylst se der 80 regisearre. Mei har aktearwurk wûn se û.m. trije AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld) en ien Hot d'Or, de wichtichste Jeropeeske pornografyske filmpriis. Boppedat is hja ynhuldige as in lid fan sawol de AVN Hall of Fame as de XRCO Hall of Fame. Yn 2007 hold se op fan aktearjen, en yn 2008 stoppe se ek mei regissearjen en loek se har hielendal út 'e pornoyndustry werom, om har mei har sechsde man nei wenjen te setten yn Ohio.

Priveelibben

Jewel De'Nyle hat seis kear troud west, wêrûnder fan 1998 oant 2000 mei Peter North en fan 2001 oant 2003 mei Michael Stefano. Har mem, Deborah Lynn, makke har yntrede yn 'e pornoyndustry ûnder de artystenamme De'Bella, yn 2006, doe't se fyftich jier wie. Om't se yn 't earstoan wurke foar Platinum X Pictures en gebrûk makke fan De'Nyle har namme om bekendheid te krijen, late dat ta spul yn 'e famylje. Tsjin 2008 wie de rûzje wer bylein, wat neffens De'Nyle benammen mooglik makke wie trochdat har mem gjin gedoente mear hie mei har âlde bedriuw Platinum X Pictures.

Remove ads

Prizen en nominaasjes

Mear ynformaasje Jier, Priis ...
Remove ads

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads