Nika Noire

From Wikipedia, the free encyclopedia

Nika Noire
Remove ads

Nika Noire, echte namme: Svitlana Zjûlikova (Oekraynsk: Світлана Жуліква, sekuerdere transliteraasje: Svitlana Žulikova; Zaporizja, 8 desimber 1984), is in rêstend Oekraynsk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Nika Blue, Nika James, Nikki Noir, en koartwei Nika. Hja sette yn 2007 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Yn 2014 beëinige Noire har karriêre as pornoaktrise.

Fluch de feiten
Remove ads

Libben en karriêre

Noire waard yn 1984 berne yn Zaporizja (Запоріжжя, sekuerdere transliteraasje: Zaporižžja), yn 'e Sovjet-tiid in skoft Aleksandrovsk neamd, in stêd yn 'e súdeastlike Oekraïne, oan 'e igge fan 'e rivier de Dnjepr. Hja groeide op yn in maatskiplik behâldend gesin, en kaam oarspronklik nei de Feriene Steaten ta mei as doel om better Ingelsk te learen. Fanwegen har skientme waard se dêr lykwols op in stuit frege as model foar glamourfotografy, en al rillegau posearre hja ek bleat foar neakenblêden.

Yn 2007, doe't se 23 jier wie, makke Noire har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se yn totaal yn mear as 225 films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Devil's Film, New Sensations, Evil Angel, Jules Jordan Video, Digital Playground, Zero Tolerance, Sin City, Hustler Video, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Penthouse, Anabolic Video, Digital Sin, Elegant Angel, Red Light District, Diabolic Video en Adam & Eve.

Thumb
Nika Noire en Jesse Jane yn 2008.

Dêrnjonken hat Noire ek wol wurke foar minder bekende filmstudio's, lykas Legend Video, Shane's World, West Coast Productions, Pure Play Media en Third Degree Films. Teffens wie se in protte yn 't spier foar pornowebsiden op it ynternet, lykas Brazzers, Dogfart en Muffia. Yn 2010 waard se nominearre foar de XRCO Award yn 'e kategory orgastysk oraliste. Yn 2014 loek Noire har nei sân jier werom út 'e pornoyndustry, neffens in geroft om't se in fêste relaasje krigen hie en trouwe en in gesin stiftsje woe.

Remove ads

Lichemsskaaimerken

Nika Noire is blank, mei grize eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.78 m lang, mei in gewicht fan 59 kg, en kupmaat 34D, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Behalven troch har earlellen hat Noire gjin piercings, en likemin hat hja tatoeaazjes.

Prizen en nominaasjes

Mear ynformaasje Jier, Priis ...

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads