Easterspoarwei

From Wikipedia, the free encyclopedia

Easterspoarwei
Remove ads

De Easterspoarwei is de spoarline fan Amsterdam nei it easten fan Nederlân. De line waard oanlein troch de Hollandsche IJzeren Spoorweg-Maatschappij (HIJSM) en rint fan Amsterdam Sintraal fia Hilfertsom, Amersfoart Sintraal en Apeldoarn nei Sutfen.

Mear ynformaasje Easterspoarwei Amsterdam - Sutfen, Trajekt ...

It trajekt Amsterdam - Amersfoart wurdt ek wol de Goailine neamd, yn de gemeente Barneveld stiet de Easterspoarwei ek bekend as it Hollânske spoar.

Remove ads

Skiednis

Yn de tiid dat de spoarweimaatskippijen noch mei-inoar konkurrearren, besleat de HIJSM in eigen spoarline tusken de haadstêd en it Dútske Ruhrgebiet oan te lizzen, as alternatyf op de Rhijnspoarwei fan de NRS.

De spoarline waard yn twa fazen iepene:

Mear ynformaasje Datum, Trajekt ...

Yn Apeldoarn waard yn 1887 ek in ôftakking oanlein dy't streekrjocht nei Paleis Het Loo rûn; de saneamde Looline (ek wol Paleisspoarline of Keningsline neamd). Fan Sutfen ôf soarge de Nederlandsch-Westfaalsche Spoorweg-Maatschappij foar de oanlis fan de spoarline nei Dútslân. It trajekt nei Winterswyk kaam yn 1878 ree. It spoar nei it Dútske Borken waard úteinlik yn 1880 yn gebrûk naam. Dêrmei hie de âldste spoarweimaatskippij fan Nederlân in eigen spoarweiferbining mei it Dútske Ruhrgebiet. De nije ferbining wie yn it begjin benammen fan belang foar it ferfier fan koalen.

Yn 1874 waard ek de sydtûke fan Hilfertsom nei Utert Maliebaan en Utert Lunetten iepene. Sadwaande krige de HIJSM, njonken de goed 30 jier âldere Rhijnspoarwei, ek in eigen spoarferbining tusken Amsterdam en Utert.

De Easterspoarwei begûn earst yn it tydlike stasjon Amsterdam Oosterdok. Dat stasjon lei eastlik fan de Easterdokstrochgong. Yn 1879 baarnde it stasjon Oosterdok ôf. Dêrnei waard de yn 1878 oanleine ferbiningsbaan tusken de stasjons Oosterdok en stasjon Amsterdam Westerdok, dêr't de HIJSM-treinen nei Haarlim en Saandam harren begjinpunt hiene, ek foar reizgersferfier brûkt en krigen de treinen fan de Easterspoarwei, Amsterdam Westerdok ek as begjin- en einpunt. Tsien jier letter kaam it nije Sintraal Stasjon ree.

Remove ads

Stasjons en gebouwen

Oan it spoar lizze hjoed-de-dei 17 stasjons: (kursyf: earder stasjon)

Mear ynformaasje Stasjon, Iepene ...


Remove ads

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads