Stasjon Susteren

From Wikipedia, the free encyclopedia

Stasjon Susteren
Remove ads

Stasjon Susteren (Srn) is in spoarweistasjon tusken yn it Nederlânske doarp Susteren yn de provinsje Limburch. En waard iepene yn 1865 oan de Steatsline E (Breda - Maastricht). It stasjon leit hjoed-de-dei oan it part fan it spoar dat eksploitearre wurdt troch Arriva.

Fluch de feiten
Remove ads

Gebou

Thumb
1e stasjonsgebou stasjon Susteren om en de by 1920
Thumb
1e stasjonsgebou stasjon Susteren yn 1975
Thumb
Rangearterrein fan stasjon Susteren yn 1949

It oarspronklike spoarweistasjon fan Susteren wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS fiifde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dy klasse boud wie. It gebou waard ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode. It stasjon wie sûnt de iepening meardere kearen útwreide. Yn 1911 waard de rjochter fleugel fergrutte, yn 1945 waard dy fergrutting werombrocht yn de orzjinele steat om't de fleugel slim skansearre rekke wie yn de Twadde Wrâldkriich.

It stasjon waard yn 1975 ferfongen troch in nij gebou bekend as Standerttype Sextant fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. It earste stasjonsgebou waard pas yn 1981 ôfbrútsen. It 2e stasjonsgebou is hjoed-de-dei yn gebrûk as winkel.

Stasjon Susteren hie eartiids in tige grut rangearterrein it waard yn 1900 oanlein en hat oant de slúting fan de koaleminen yn Limburg tsjist dien, dêrnei is it terrein yn de rin fan de jierren stikje by bytsje ûntmantele, de lêste restanten fan it rangearterrein binne tusken 2003 en 2007 fuorthelle, om ûnder oaren plak te meitsje foar in parkearterrein.

Remove ads

Treinferbinings

Mear ynformaasje Searje, Treintype ...

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads