It Hearrenfean (plak)

From Wikipedia, the free encyclopedia

It Hearrenfean is it haadplak fan de gemeente It Hearrenfean. Der wenje 29.790 minsken (2021). Wat it ynwennertal oanbelanget is It Hearrenfean it fjirde plak fan de provinsje Fryslân, mar is net ien fan de alve Fryske stêden.

Quick facts: ...
It Hearrenfean
Crackstate (ûnderdiel fan it gemeentehûs)
Crackstate (ûnderdiel fan it gemeentehûs)
Sifers
Ynwennertal29.790 (2021)[1]
Hichte0,5 m. boppe seenivo
Polityk
LânNederlân
ProvinsjeFryslân
GemeenteIt Hearrenfean
Oar
Stifting1551
Postkoade8441-8448
Koördinaten52° 57′ NB, 5° 55′ EL
Offisjele webside
Webside gemeente It Hearrenfean
Close

Yn earder tiden waard it in flekke (grut doarp mei merkrjocht), dat mei It Oranjewâld derby ek wol It Fryske Haachje neamd waard. De hjoeddeistige omgongsnamme foar minsken út de omkriten is It Fean. Nei bûten ta presintearret It Hearrenfean him as Sportstêd mei ûnder oaren it Thialf en it Abe Lenstra Stadion.

De skiednis fan it plak giet werom nei it stiftingsjier 1551, en begjint op it plak dêr't de Hearresleat en de Skoatterlânske Kompanjonsfeart byinoar komme.

Sûnt juny 2013 hat It Hearrenfean as slogan 'n gouden plak.[2]