Bitburg-Prüm

From Wikipedia, the free encyclopedia

Bitburg-Prüm
Remove ads

De Eifelkreis Bitburg-Prüm (oant 31 desimber 2006 "Landkreis Bitburg-Prüm") is in lânkring yn it wêst fan de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De lânkring grinzget oan Belgje en Lúksemboarch. Neffens oerflak is de lânkring de grutste en tagelyk ek de minst befolke lânkring fan de dielsteat. Ek hat de lânkring it grutste tal gemeentes fan Dútslân. De stêd mei de measte ynwenners en tagelyk de haadstêd is Bitburg.

Fluch de feiten Eifelkreis Bitburg-Prüm, flagge ...
Remove ads

Geografy

De Eifelkreis Bitburg-Prüm leit yn it súdlike diel fan de Eifel mei yn de Snie-eifel de heechste berch, de 698 meter hege Schwarzen Mann. Yn it wêst fan de lânkring leit de Ösling, yn it easten de Kalk- en Wâldeifel en yn it sude it Bitburger Gutland mei it Ferschweiler-plato, dat bekend stiet om syn neolityske plakken. Lytsere rivierkes lykas de Kyll, Nims en Prüm rinne troch de lânkring. De Our en Sauer (of Sûre, in sydrivier fan de Mûzel) foarmje de grins mei it Gruthartochdom Lúksemboarch.

De Eifelkreis Bitburg-Prüm grinzget mei de klok mei oan Euskirchen (yn Noardryn-Westfalen mei in grins fan mar 1,5 km) en de lânkringen Vulkaneifel, Bernkastel-Wittlich en Trier-Saarburg. Yn it wêst grinzget de lânkring oan it noardlike distrikt fan Lúksemboarch en de Belgyske provinsje Luik.

Remove ads

Stêden en gemeenten

Mear ynformaasje Ferbânsfrije stêd ...
Mear ynformaasje Ferbânsgemeenten, 1. Arzfeld ...
Remove ads

Keppeling om utens

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads