Rhein-Pfalz-Kreis
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
De Rhein-Pfalz-Kring (oant 31 desimber 2003 Landkreis Ludwigshafen) is in lânkring yn it súdeasten fan it Dútske bûnslân Rynlân-Palts yn de metropoalregio Rhein-Neckar. It bestjoer hat syn sit yn de kringfrije stêd Ludwigshafen am Rhein, dy't fierder gjin diel útmakket fan de lânkring. De ferbânsfrije stêd Schifferstadt is it grutste plak wat ynwennertal oanbelanget.
Remove ads
Geografy
De Rhein-Pfalz-Kreis leit yn it Boppe-Rynske leechlân. De lizzing yn de metropoalregio Ryn-Neckar mei in soad oanbuorjende kringfrije stêden en de lokaasje oan de Ryn makket dat de Rhein-Pfalz-Kreis oan in soad ferskillende distrikten grinzget, dy't yn trije ferskillende bûnslannen lizze. Yn it bûnslân Rynlân-Palts grinzget de lânkring oan de stêd Worms, Frankenthal, Ludwigshafen am Rhein, Speyer, de lânkringen Germersheim en Südliche Weinstraße, Neustadt an der Weinstraße en Bad Dürkheim.
Yn it easten foarmet de Ryn de grins fan de Rhein-Pfalz-Kreis mei de dielsteaten Hessen en Baden-Württemberg. In útsûndering is it Kollereilân op de loftse kant fan de Ryn, dat by Baden-Württemberg heart. Begjinnend yn it noarden grinzget de lânkring oan de kring Bergstraße (yn Hessen), de stêdkring Mannheim, de Rhein-Neckar-Kreis en de lânkring Karlsruhe (allegear yn Baden-Württemberg).
Remove ads
Stêden en gemeenten

Ferbânsfrije gemeenten
(Ynwennertallen op 31 desimber 2019)
![]() |
![]() |
Bobenheim-Roxheim | 10.096 ynwenners | 20.5 km² |
![]() |
![]() |
Böhl-Iggelheim | 10.394 ynwenners | 32.8 km² |
![]() |
![]() |
Limburgerhof | 11.461 ynwenners | 9 km² |
![]() |
![]() |
Mutterstadt | 12.844 ynwenners | 20.5 km² |
![]() |
![]() |
Stadt Schifferstadt | 20.412 ynwenners | 28 km² |
Ferbânsgemeenten
* sit fan de ferbânsgemeente
Remove ads
Keppeling om utens
![]() | Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rhein-Pfalz-Kreis fan Wikimedia Commons. |
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads