Rhein-Lahn-Kreis

From Wikipedia, the free encyclopedia

Rhein-Lahn-Kreis
Remove ads

De Rhein-Lahn-Kreis is in lânkring yn it noardeastlike diel fan Rynlân-Palts, Dútslân. It distrikt leit tusken Koblenz en de haadstêd fan Rynlân-Palts, Mainz. It bestoer fan de Rhein-Lahn-Kreis hat syn sit yn Bad Ems, mar Lahnstein is de stêd mei de measte ynwenners fan it distrikt. De Rhein-Lahn-Kreis ûnstie yn it jier 1969 yn it ramt fan de weryndieling fan Rynlân-Palts troch gearfoeging fan de opheven lânkringen Loreleykreis (haadstêd Sankt Goarshausen) en Unterlahnkreis (haadstêd Diez).

Fluch de feiten flagge, wapen ...
Remove ads

Geografy

De lânkring omfiemet it lânskip oan de rjochter kant fan de Ryn tusken de stêden Kaub en Lahnstein, in diel fan it súdlike Westerwâld en in diel fan de westlike Taunus, dêr it geberchte mei likernôch 530 meter hichte by Holzhausen an der Haide it heechste punt hellet. Njonken de Ryn is de Lahn in grutte rivier, dy't fan Limburg an der Lahn nei de westlike rjochting rint en by Lahnstein yn de Ryn útmûnet.

De Rhein-Lahn-Kreis grinzget mei de klok mei oan de lânkringen Limburg-Weilburg en Rheingau-Taunus-Kreis (alle twa yn Hessen) en de lânkringen Mainz-Bingen, Rhein-Hunsrück-Kreis en Mayen-Koblenz, oan de kringfrije stêd Koblenz en oan de Westerwaldkreis.

Remove ads

Stêden en gemeenten

Thumb
Yndieling fan Rhein-Lahn-Kreis yn de ferbânsfrije stêd en de ferbânsgemeenten (VG)
Mear ynformaasje Ferbânsfrije stêd ...
Mear ynformaasje Ferbânsgemeenten (Verbandsgemeinde) ...
Remove ads

Keppeling om utens

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads