Neustadt an der Weinstraße

From Wikipedia, the free encyclopedia

Neustadt an der Weinstraße
Remove ads

Neustadt an der Weinstraße, oant 1936 en fan 1945 oant 1950 "Neustadt an der Haardt", is in kreisfreie Stadt yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De stêd leit oan 'e Dútske wynrûte (Deutsche Weinstraße) en is in sintrum fan wynbou. Alle jierren wurdt hjir it wynfeest organisearre en in wynkeninginne keazen.

Fluch de feiten

Neustadt is in plaknamme dy't in soad foarkomt yn it Dútsktalige gebiet en dêrom stiet der regelmjittich in ôfkoarting efter de namme (bygelyks: a.d.W., .../Wstr.).

Yn it stedsgebiet, mar bûten de bebouwing, leit it kastiel fan Hambach (Hambacher Schloss). It slot wie yn 1832 it toaniel fan in stikmannich toochdagen fan 'e boargerlike opposysje tsjin de restauraasje fan it Dútske Bûn, dêr't de kym lein waard foar de maartrevolúsje yn 1848 yn 'e steaten fan 'e Dútske Konfederaasje en ferskate oare revolúsjes yn Jeropa.

Remove ads

Stedsyndieling

Thumb
De Hauptstraße yn Neustadt.

Njonken de kearn Neustadt bestiet it stedsgebiet út noch in tal oare plakken. Winzingen heart al sûnt de 19e iuw by Neustadt en is hjoeddedei in gewoane wyk yn Neustadt. It wie in doarp fan wynboeren, dat al yn 774 neamd waard en dêrmei folle âlder is as it yn 'e 13e iuw stifte Neue Stadt. Oant 1969 wiene de ûndersteande plakken noch selsstannich. Duttweiler waard yn 1974 as lêste plak by Neustadt foege.

  • Diedesfeld
  • Duttweiler
  • Geinsheim
  • Gimmeldingen
  • Haardt
  • Hambach an der Weinstraße
  • Königsbach an der Weinstraße
  • Lachen-Speyerdorf
  • Mußbach
  • Winzingen
Remove ads

Toerisme

Neustadt hat in âlde binnenstêd mei tal fan fakwurkhuzen. Ek de goatyske Egidiustsjerke út de 14e iuw mei in diel foar protestanten en in diel foar katoliken, de eardere Universität Casimirianum en it Steinhäuser Hof binne it besjen wurdich.

Bûten de bebouwing lizze meardere kastielen: it kastiel fan Hambach, de Wolfsburg, de boarch Winzingen, it kastiel fan Haardt en wat fierderop it kastiel Spangenberg.

Ek yn 'e doarpen binne gebouwen dy't it besjen wurdich binne, lykas de Johanneskirche, it Herrenhof en it Weiße Haus yn Mußbach en de Nikolauskirche, it Mithras-Heiligtum, de Alte Burg en it König-Ludwig-Pavillon yn Gimmeldingen.

De stêd hat de folgjende musea: it Stadtmuseum Villa Böhm, it Otto-Dill-Museum, it Pfälzische Bibelmuseum, it Weinbaumuseum Getreidekasten en it Eisenbahnmuseum.

Remove ads

Berne

  • Gregor Braun (1955- ), hurdfytser
  • Malu Dreyer (1961- ), earste froulike minister-presidint fan Rynlân-Palts
  • Mario Basler (1968- ), fuotballer
  • Dominique Heintz (1993- ), fuotballer
  • Kevin Akpoguma (1995- ), fuotballer


Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Neustadt an der Weinstraße fan Wikimedia Commons.

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads