Veronica Rodriguez
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
Veronica Rodriguez, echte namme: Verónica Rodríguez Fiño (Maracay, 1 augustus 1991) is in Fenezolaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise. Se hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Barbie, Barbie Bree en Barbie Booty. Rodriguez sette yn 2011 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Se waard tsien kear nominearre foar in prestizjeuze AVN Award.
Remove ads
Libben en karriêre
Rodriguez waard yn 1991 berne yn Maracay, yn 'e Fenezolaanske steat Aragua. Nei't se yn 2009 mearderjierrich wurden wie, ferfear se nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles. Yn 2011, doe't se tweintich jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se mids 2020 yn mear as 350 films spile.

Dêrby wurke Rodriguez û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Digital Sin, Red Light District, Evil Angel, Hustler Video, New Sensations, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Elegant Angel en Digital Playground. Fierders wie se ek wol te sjen yn produksjes fan minder bekende studio's, lykas Third Degree Films, Mile High Media, Girlfriends Films en Pure Play Media. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America.
Under har karriêre hat Rodriguez gearwurke mei kollega-aktrises as Vicki Chase, Adriana Chechik, Ariella Ferrera, Dillion Harper, Marika Hase, Remy LaCroix, Alina Li, Kendra Lust, Kiara Mia, Gabriella Paltrova, Riley Reid, Megan Salinas, India Summer, Shae Summers en Jamie Valentine, en mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Jordan Ash, Marco Banderas, Mick Blue, James Deen, Erik Everhard, Manuel Ferrara, Tommy Gunn, Jules Jordan, Sean Lawless, Keiran Lee, J. Mac, Ramon Nomar, Johnny Sins, Criss Strokes, Voodoo, Vince Vouyer en Mark Wood. Ek waard Rodriguez al tsien kear nominearre foar in prestizjeuze AVN Award (de Oscars fan 'e pornowrâld).

Njonken har aktearwurk posearret Rodriguez ek geregeldwei foar neakenblêden. Fierders hat se pealdûnsjen leard en fersoarget se út en troch in optreden as stripper.
Remove ads
Lichemsskaaimerken
Veronica Rodriguez is blank, mei in Mediterrane hûdskleur, brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.54 m lang, mei in gewicht fan 43 kg, en in natuerlike cupmaat 32B. Se hat gjin tatoeaazjes. Njonken de wenstige gatsjes troch de earlellen hat se ek in nâlpiercing en in piercing troch har lofternoaswjuk.
Prizen en nominaasjes
Keppelings om utens
- (in) Offisjele webside fan Veronica Rodriguez
- (in) Veronica Rodriguez op Twitter
- (in) Veronica Rodriguez op Instagram
- (in) Veronica Rodriguez op YouTube
- (in) Biografy en filmografy fan Veronica Rodriguez yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Veronica Rodriguez yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Veronica Rodriguez op FreeOnes
Remove ads
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads