De Kening Komt Wer
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Kening Komt Wer, yn it oarspronklike Ingelsk: The Return of the King, is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Britske skriuwer en taalkundige J.R.R. Tolkien (1892-1973). Yn 'e mande mei It Selskip fan de Ring en De Twa Tuorren makket it diel út fan 'e epyske trilogy Master fan Alle Ringen (The Lord of the Rings), dy't Tolkien syn wiidweidichste en bekendste wurk is. De Kening Komt Wer, dat it trêde diel fan 'e trilogy is, fertelt it ferhaal fan 'e hobbit of healmling Frodo Balsma (Ingelsk: Frodo Baggins) en syn gefaarlike kweeste om 'e Iene Ring fan 'e dûnkere hear Sauron werom te bringen nei de fjurren fan 'e Doemberch, yn it fiere en yslike lân Mordor, dat it iennichste plak is dêr't it nuodlike ding ferneatige wurde kin. De roman waard foar it earst publisearre yn 1955; yn 2003 kaam de populêre en bekroande ferfilming The Lord of the Rings: The Return of the King fan regisseur Peter Jackson út. De Fryske oersetting fan it boek, fan 'e hân fan Liuwe Westra, is op kommendeweis, mar sil wierskynlik op syn betiidst yn 'e rin fan 2022 ferskine.
De Kening Komt Wer | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The Return of the King | |
auteur | J.R.R. Tolkien | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 1955, Londen | |
oarspr. útjwr. | George Allen & Unwin | |
rige | ||
rige | The Lord of the Rings | |
● foarich diel | The Two Towers | |
● folgjend diel | gjint (is lêste diel) | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Kening Komt Wer (wurktitel) | |
publikaasje | (noch net útjûn) | |
oersetter | dû. Liuwe H. Westra |